Stefan Vermaes
Stefanus Johannes Vermaes, (Hellefuotslûs, 2 maaie 1839 - Ljouwert, 10 desimber 1902), wie in yngenieur.
Libben en wurk
bewurkje seksjeVermeas wie fan ienfâldich komôf. Hy gie nei de legere skoalle yn syn berteplak, nei de ULO yn Kortenhoef en waard yn 1856 ynskreaun as studint oan de Keninklike Akademy yn Delft. Dêr slagge er yn 1860 foar boargerlik yngenieur. Op 2 desimber 1860 kaam er as opsichter 5e klasse yn tsjinst by de oanlis fan it steatsspoar en waard pleatst yn Ljouwert. Op 1 jannewaris 1862 waard er adjunkt-yngenieur en op 1 july 1864 seksje-yngenieur. Hy boaske 16 july 1863 oan W.J. van Nerum, by wa't er trije soannen krige.
Vermaes wurke fan 1 april 1864 by de oanlis fan it spoar Harns-Ljouwert, waard doe yn Bûtenpost pleatst foar de oanlis fan it spoar Ljouwert-Grins en 1 augustus 1866 yn Grins foar it spoar Grins - Nieuwe Schans. Mei 1 maart 1867 waard hy oerpleatst nei Ynskedee foar de oanlis fan it spoar Ynskedee - Glanerbeek, mei 1 july 1868 nei Dordrecht en einlik 15 septimber dêrop folgjend nei Willemsdorp, beide mei it each op de oanlis fan de spoarbrêge oer it Hollandsch Diep. Troch syn bemiddeling waard ien fan syn bruorren opnomd yn de oannimmersfirma, dy't de ûnderbou fan de brêge oanlei. De brêge koe al 1 jannewaris 1872 iepene wurde. 1 july 1872 gie Vermaes as seksje-yngenieur foar wei-en-wurken by de Maatskippij ta eksploitaasje fan Steatsspoarwegen oan it wurk.
Mei 1 maaie 1874 sloech er lykwols in oare rjochting yn. Hy gie yn tsjinst fan de provinsje Grinslân en waard ûnder de yngenieur J. Kater Tz. belêste mei de foltôging fan it Iemskanaal, in kanaal fan Grins nei Delfsyl.
Neidat de provinsje Fryslân besluten hie, net langer gebrûk te meitsjen fan de tsjinsten fan de yngenieurs fan Rykswettersteat, waard Vermaes yn de gearkomst fan Provinsjale Steaten fan 14 maaie 1876 beneamd ta haadyngenieur fan de provinsjale wettersteat. Dat soe er bliuwe oant syn ferstjerren.
Nei de stoarmfloed fan 31 jannewaris 1877 waard him frege om foarstellen ta ferbettering fan de Fryske seediken te dwaan. Vermaes syn útstel wie om de âlde pealwurken te hâlden, mar gjin nije te meitsjen en de diken te ferheegjen en mei basaltgloaiïng te fersterkjen. In grut part fan de Fryske seedyk is yn de jierren neffens syn plan ferbettere.
Nei syn meast al yn 1877 opmakke plannen is mei finansjele help fan it Ryk de wettersteat fan Fryslân troch fergrutting fan de profilen fan in grut oantal fearten ferbettere yn de jierren 1880-1889. Doe't dy ferbettering net genôch bliek, waard troch Vermaes yn gearwurking mei syn Grinslanner amtgenoat Kater (ek in diel fan Grinslân wettert op de Lauwersee ôf en soe hjirfan grut foardiel hawwe) foarsteld, it súdlike diel fan de Lauwerssee ôf te damjen en ta boezem foar Fryslân en it westlik diel fan Grinslân te meitsjen. Dit foarstel waard troch Deputearre Steaten fan de beide provinsjes oernomd en 2 maart 1895 oan it regear yntsjinne. Der waard 18 juny 1896 fan Rykswege in steatskommisje ynsteld, wêrfan Vermaes lid waard; sy brocht 5 maaie 1900 ferslach út. De kommisje stelde út, by de yndiking fan de súdlike Lauwerssee de te meitsjen boezem yn trije dielen te ferdielen, ien foar Fryslân, ien foar Grinslân en ien foar East-Dongeradiel. Deputearre Steaten fan de beide provinsjes achten de plannen fan de kommisje, dy't op 4½ millioen taksearre wiene, te djoer. Se mienden, dat, hoe foardielich foar de ôfwettering in bediking fan it súdlike stik fan de Lauwerssee en wêze mocht, it stiftsjen fan in gemaal, útslaande op de Sudersee, it doel folle goedkeaper berikt wurde koe. Dêrom stelden se 7 febrewaris 1902 in kommisje yn ta beoardieling fan itselde fraachstik, mar allinnich út technysk eachpunt. Hjirfan waard Vermaes ek lid, mar hy is troch syn ferstjerren ferhindere wurden, oan de opstelling fan it ferslach fan dizze kommisje mei te wurkjen.
Vermaes wie in fûl foarstanner fan de drûchlizzing fan de Sudersee, dy't hy perfoarst needsaaklik fûn yn it belang fan Fryslân. Hy wie lid fan de steatskommisje, 8 septimber 1892 oangeande dit fraachstik ynsteld, en hat him yn 1895 fûl útlitten oer tsjinstanners fan dy drûchmakking yn in troch de Suderseeferiening publisearre opstel. Hy wie praktysk ynsteld, wat bliken die út it tapassen fan bajonetslûzen. Mooglik wie it syn grut optimisme, wêrtroch't it him net slagge de Fryske wettersteatstastân genôch te ferbetterjen. Hy ferstoar nei in sykte fan inkele oeren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|