Stefanustsjerke (Beilen)
De Stefanustsjerke is in goatyske tsjerke fan de protestantske gemeente yn Beilen yn de provinsje Drinte. De tsjerke en it oargel yn de tsjerke binne ryksmonuminten.
Stefanustsjerke
Stefanuskerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Beilen | |
adres | Prins Bernhardstrjitte 12 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8890 [1] | |
offisjele webside | ||
Side Protestantske gemeente Beilen |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1139 stifte en wijd oan de hillige martler Stefanus. De hjoeddeiske tsjerke datearret út de 14e, 15e of 16e iuw. It wie de wichtichste tsjerke fan it dingspel Middenfjild en it gebou tsjinne ek foar de rjochtspraak.
Nei alle gedachten waard de toer troch de 15e iuwske arsjitekt Johan 'die Werckmeister' út Ruinen boud, oan wa't mear Drintske tuorren taskreaun wurde. Yn 1607 baarnde de tsjerke oant op de muorren ôf. It tsjintwurdige tonferwulft datearret fan nei de brân. De tsjerke waard yn de jierren 1937-1938 restaurearre ûnder lieding fan de arsjitekt Jans Boelens.
Yn it ramt fan de fúzje fan de grifformearde tsjerke, de herfoarme gemeente fan Beilen en de grifformearde tsjerke fan Hijken-Hooghalen op 1 jannewaris 2011 is keazen om tenei it grifformearde gebou as tsjerke te brûken. De protestantske gemeente bliuwt lykwols eigner fan de Stefanustsjerke, mar stelt de tsjerke ek iepen foar kulturele aktiviteiten. Foar dat doel is de tsjerke koartlyn restaurearre en it ynterieur is oanpast foar multifunskjoneel gebrûk.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Stefanustsjerke is in ienskippich gebou fan trije traveeën mei spitsbôgefinsters en in trijesidich koer. It koer is krekt wat smeller as it skip. Oan de súdlike kant fan it koer stiet in modern konsistoarjegebou.
Yn de twadde helte fan de jieren 1930 waard de tsjerke restaurearre. Yn dy tiid krige de tsjerke in nije preekstoel en nije banken. De preekstoel bleau by de lêste restauraasje op it plak en de measte banken binne sûnt weibrutsen. It oerwurk fan de toer datearret fan 1937. De oarspronklike klok waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere en omraand en is letter ferfongen troch in moderne liedklok.
Oargel
bewurkje seksjeIt ienmanualige oargel waard yn 1829 boud troch Johannes Wilhelmus Timpe en stie eartiids yn de yn 1895 ôfbrutsen Broertsjerke fan Grins. It ferhûze yn 1840 nei de Stefanustsjerke en waard dêr opboud troch B. Kerkhoff, werby't de oargelkas fergrutte waard. Petrus van Oeckelen ferboude it oargel yn de jierren. Hy fernijde û.o. al it piipwurk.
Tagelyk mei de fernijing fan it ynterieur fan de tsjerke ûndergyng ek it oargel in restauraasje. De restauraasje waard mooglik nei't in gemeentelid EUR 300.000 neiliet mei as doel de twa oargels fan de protestantske gemeente te renovearjen.
Keppeling om utens
bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|