Stiftstsjerke Sint-Servatius

Stiftstsjerke Sint-Servatius
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Saksen-Anhalt
plak Quedlinburg
koördinaten 51°47' N 11°8' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Dionysius en Servatius
Arsjitektuer
boujier 1070-1129
Kaart
Stiftstsjerke Sint-Servatius (Saksen-Anhalt)
Stiftstsjerke Sint-Servatius


Stiftstsjerke, kastiel en âlde binnenstêd fan Quedlinburg
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 535
kritearia (iv)
ynskriuwing 1994
gebiet 90 ha
buffersône 270 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Sint-Servatiustsjerke (Dútsk: Sankt Servatius) is in oan Sint-Dionysius en Sint-Servaas wijde romaanske tsjerke yn Quedlinburg yn' e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt. De tsjerke is sûnt 1994 ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Stiftstsjerke, kastiel en âlde binnenstêd fan Quedlinburg.

Alhoewol't de tsjerke nea in katedraal west hat fan in bisdom wurdt de tsjerke somtiden wol as domtsjerke oantsjut. Dat hat te krijen mei de abdis Matilde, de beppesizzer fan 'e East-Frankyske kening Hindrik I en syn frou Matilde, dy't de abdij stifte. Abdis Matilde hie as metropolitana in status dy't mei dy fan in aartsbiskop ferlikene wurde koe.

It stift waard nei de reformaasje in protestantsk stift sûnder wrâldske macht en waard yn 1802 opheft.

De hjoeddeiske tsjerke is de fjirde tsjerke op it plak en mei de bou dêrfan waard nei in brân yn 1070 útein set. De tsjerke waard mei Pinkster 1129 yn oanwêzigens fan kening Lotarius III op 'e nij ynwijd.

 
Krypt fan 'e tsjerke.

De earste tsjerke op it plak wie de yn 936 boude kastielkapel, dêr't Hindrik I byset waard. Mei't syn widdo Matilde op it plak yn it jier 936 in stift oprjochte, waard it kastiel ferboud ta in stift foar froulju en waard de kapel troch in gruttere tsjerke ferfongen.

Under it bewâld fan 'e abdis Matilde, de beppesizzer fan 'e oprjochter fan it stift, waard de tredde, yn it jier 997 foltôge, tsjerke boud. Fanút it súdlike sydskip fan 'e krypt giet in trep nei de saneamde weikapel Sint-Nikolaas in vinculis, dy't nei alle gedachten noch foar it jier 997 boud waard. De tredde tsjerke waard op 24 septimber 1021 yn bywêzigens fan keizer Hindrik II wijd en baarnde yn it jier 1070 út.

It heechkoer waard ûnder abdis Jutta von Kranichfeld oant 1320 yn goatyske styl ferboud. By in yngreven restauraasje tusken 1863 en 1882 krige de tsjerke twa neoromaanske tuorren mei Rynlânske spitsen dy't net goed by de rest fan 'e boustyl pasten.

De Heinrichsfeier fan 1938

bewurkje seksje

Nei oanlieding fan 'e tûzenjierrige stjerdei fan Hindrik I begûnen nasjonaalsosjalistyske funskjonarissen yn 1936 de tsjerke te feroarjen. Doel wie om it kristlike karakter fan it tsjerkegebou te ferfangen troch in nasjonaalsosjalistysk pylgerplak. Foar dat doel waarden yn it ramt fan in steatswet op 2 july 1936 nei fergees ferset fan 'e tsjerklike gemeente de krusen út de tsjerke en de Bibel fan it alter ferwidere. De tsjerke waard yn 1938 troch de SS oernommen om it gebou foar eigen rites te brûken. Foar dat doel waard oant 1940 it romaanske koer fan binnen rekonstruëarre, fan bûten bleau it goatyske koer itselde. Yn 'e tsjerke waarden alter, preekstoel en banken ferwidere en it goatyske ferwulft sloopt om in pseudo-romaanske apsis te meitsjen. Dêrnjonken waarden yn 'e tsjerke hakekrusen oanbrocht en SS-flaggen ophongen, wylst in stiennen ryksearn mei hakekrús it koer sierde.

 
Himmler by it grêf fan Hindrik I.

De letter as dûmny wurkjende Ekkehard Steinhäuser feroardiele de feroaringen en neamde se it skeinen fan 'e tsjerke. SS-lieder Himmler, dy't de kaai fan 'e skatkeamer bewarre, soe dêr mei Hindrik I gesprekken holden ha en yn syn omjouwing wiene der guon dy't Himmler kening Hindrik neamden. Himmler skreau ek de op 'e Schlossberg opgroeven bonken troch SS-Obersturmführer Rolf Höhne ta oan Hindrik I en liet se yn 'e nacht fan 1 nei 2 july plechtich bysette yn it lege grêf fan keninginne Matilde. Yn it Schlossmuseum wurde hjoed-de-dei de resten fan 'e sarkofaach mei in útlis oer de NS-tiid útstald.

De tsjerklike mienskip krige nei de Twadde Wrâldkriich de tsjerke fan 'e Amerikanen werom en nei juny 1945 koene der wer kristlike tsjinsten fierd wurde. De spitsen fan 'e tuorren wiene by artilleryfjoer op 17 april skansearre en waarden tusken 1946 en 1948 yn romaanske foarm werboud mei lege pyramidedakken.

 
Plattegrûn tsjerke.
 
Pylderrige neffens it alternearjende stelsel.

It middenskip wurdt mei pylders neffens it Nedersaksyske alternearjend stelsel fan 'e sydskippen skaat. De kapitelen binne mei plant- en diermotiven (fral earnen) fersierd. Ek op 'e friezen fan 'e ljochtbeuk foarmje bisten it hearskjende motyf.

Oan 'e bûtenmuorren en de ornamintyk fan it ynterieur binne sterke Lombardyske ynfloed te werkennen.

It heechkoer wie eartiids fersierd mei in 5,6 by 7,4 m grut tapijt út de 12e iuw dêr't 20 jier lang oan wurke wie. Dat tapijt is fragmintarysk bewarre en is sûnt 2006 wer te besichtigjen.

 
Alter.

It hjoeddeiske alterkrús is in modern krús dat yn 2006 mei Peaske ophongen waard. Ek krige de tsjerke de nije alterljochters.

It hjoeddeiske oargel krige in plak oan 'e súdlike kant fan it it heechkoer. Yn 1971 waard it oargel fan Alexander Schuke (Postdam) yn gebrûk nommen. It oargel hat 1994 pipen en is neffens it neobarokke klankideaal boud.

Yn 'e krypt lizze de grêven fan 'e stifters. De bonken fan keninginne Matilde lizze dêr oant de dei fan hjoed. Oan it ferwulft fan 'e krypt binne resten fan fresko's fan Bibelske foarstellings bewarre bleaun. De beskildering fan 'e ferwulften waarden yn 'e jierren 2002-2009 restaurearre, tagelyk mei it oanlizzen fan in beljochting.

Yn 'e krypt is romaansk en goatysk byldhouwurk op 'e grêfplaten fan 'e Quedlinburger abdissen út de 11e, 13e en 14e iuw te sjen.

De tsjerke wurdt troch de protestantske gemeente fan Quedlinburg brûkt. Simmerdeis wurde der tsjinsten holden. De katolike parochy Sint-Matilde organisearret op 14 maart dêr it patroansfeest mei in misse.

Fierder wurdt de tsjerke troch in soad toeristen besocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Stiftskirche St. Servatius