Stjerrende ierde (subsjenre)

De stjerrende ierde is in subsjenre fan 'e fantasy- en science fiction-literatuer, wêrby't it ferhaal plakfynt yn 'e fiere takomst, by de ein fan it libben op 'e Ierde of oan 'e Ein fan de Tiden. Yn 'e regel wurdt dat foarsteld as in tiid dat sels de wetten fan 'e natuerkunde it ôfwitte litte. De tematyk fan sokke ferhalen draait faak om wrâldwurgens, ûnskuld, ideälisme, ferfal ta gaos, de permaninte útputting fan 'e measte of alle natuerlike helpboarnen (lykas de fiedingsstoffen yn 'e grûn) en de hope op fernijing.

It stjerrende ierde-subsjenre ferskilt fan apokalyptyske en postapokalyptyske science fiction trochdat it net giet oer in katastrofale ferneatiging, mar in stadich berikte útputting fan 'e Ierde. Foarrinners fan dit subsjenre ferskynden foar it earst ûnder it tiidrek fan 'e Romantyk, doe't de Frânske skriuwer Jean-Baptiste Cousin de Grainville yn 1805 Le Dernier Homme skreau, oer de lêste minske op 'e Ierde, in somber foarútsjoch op in planeet dy't folslein steryl wurden is. It gedicht Darkness, út 1816, fan 'e Ingelske dichter Lord Byron, beskriuwt de Ierde nei't de sinne foargoed útdôve is. Ien fan 'e meast ferneamde iere foarbylden fan it stjerrende ierde-subsjenre is de novelle The Time Machine, fan 'e Ingelske skriuwer H.G. Wells, út 1895, wêryn't de nammeleaze tiidreizger nei de fiere takomst reizget en in tiid ûntdekt dat der noch mar in pear libbene dingen op 'e Ierde oerbleaun binne.

In hast like bekend, mar folle moderner foarbyld is it boek Dying of the Light fan 'e Amerikaanske skriuwer George R.R. Martin, út 1977. Hoewol't dat net oer de Ierde giet, beskriuwt de auteur dêryn op yngeande wize de stjerrende wrâld Worlorn, dy't los fan alle sinnestelsels troch it hielal kûgelet. De koerts fan dy planeet makket dat er foar koarte tiid opwaarmet troch in sinne, en ferskate minsklike koloanjes gripe dat oan om op Worlorn in festival te hâlden dat in pear desennia duorret. Tsjin 'e tiid fan Martin syn ferhaal is dat lykwols al efter de rêch en ferliest de planeet stadichoan al syn waarmte wer. Al it plante- en bistelibben dat de minsken op Worlorn yntrodusearre hawwe, is doemd te stjerren, en de pear minsken dy't noch op 'e planeet efterbleaun binne, hâlde ta mank de ûnbidich grutte mar no spûkeftich lege gebouwen dy't foar it festival boud wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.