Strjitten yn Lúnbert
Wikimedia-list
De Strjitten yn Lúnbert:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- ’’Aengwirderwei’’ – rint fan de rotonde troch de eardere gemeente Aegwirden - te witten fan It Hearrenfean troch Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat.
- Bornegoa – De namme is yn 1975 yn it plak komd fan de foarhinne besteande nammen "Spitsendyk", "Skoalwei (diels), Zwartswei" en "Simon van Cyrenewei". Bedoelde wegen tusken Lúnbert en Haskerdiken binne by de ruilferkaveling sa feroare dat in nije namme keazen waard.De namme Bornegoa wie yn de 14e iuw noch bekend as Frysk distrikt mei de gritenijen Utingeradiel, Aengwirden, Haskerlân (tegearre Boarnferd), Opsterlân (ek Haudmare neamd) en Skoatterlân.
- De Deelen - Feanpolder ûnder Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat.
- H.B. Jonkerwei -Fan de "Bornegoa" yn westlike rjochting oant de grins mei Haskerlân ûnder Nijbrêge. Henricus Jonker (Drachten, 5 septimber 1904 – It Hearrenfean, 28 july 1959) folge yn 1935 de hear S.H. Zwarts op, as opsjenner oer de polder fan it 4e en 5e feandistrikt yn de gemeenten Haskerlân, It Hearrenfean en OPsterlân en letter ek mei feanpolder 'De Deelen'. Op de kaart fan Eekhof fan 1854 wurdt de wei oantsjutten as 'Vaartswal' en as 'Rijweg naar Tjalleberd'. It gedielte 'Feartswâl' hjit yn de folksmûle wol ‘Joadehoeke’. Op it eastlik útein by de Spitsenbrêge hat in tolhikke stien. Op 14 maart 1806 waard tusken Martinus Bouricius van Idema en Valerus Lodewijk Vegelin van Claerbergen en de mienskiplike oare eigeners fan de fêstichheden ûnder Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat in konvinsje oangien in wetterlossing troch te lûken nei de Hearrensleat en in heawei (de 'Spitsendyk') lans dizze feart. Dizze 'Spitsendijk' hat tsjinne as kavelstripe neist de Nije Feart. Oant 1920 wie de 'Spitsendijk' sânwei en waard letter ferhurde. Yn Nijbrêge kaam yn 1834 de earste feanslûs yn Fryslân ree.
- Healannen – Foar de by de ruilferkaveling oanleine dearinnende dyk yn eastlike rjochting lans de noardkant fan de Bûtendykse Haadfeart. De namme is ûntliend oan de Schotanusatlas.
- ’’Heafeartswei’’ - De paden en wegen oan beide kanten fan de Heafeart, dy’t troch Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat rint.
- Lytsskar – In lyts ferfeante kompleks en letter yn kultuer brocht lân besuden de "H.B. Jonkerwei". Op de kaart fan Eekhof fan 1854 is dit gedielte noch oanjûn as wetter - mei de namme 'Het Klein-Schar'.
- P.G. Otterwei – neamd nei Piter Otter, nei 1907 bestjoerslid fan it polderberstjoer fan it 4e en 5e feandistrikt en yn 1927 foarsitter. Ien fan de earste dingen dy’t er tariede moast wie de organisaasje fan it bemeallen fan de polder. Oant 1912 mei wettermûnen en in âlde stoommasine, dêrnei mei twa nije stoommasines. Otter wie ek bestjoerslid fan it Boargerlik Earmbestjoer fan Anjewier en letter foar de gemeentlike ynstelling foar maatskiplike helpferliening, fan de Algemiene Fryske Brânwaarboarchmaatskippij “Sânwâlden”. Mar ek fan it Sikefûns Tsjalbert, fan de Fryske Koöperative eksportslachterij yn Akkrum en fan de koöperative Oankeapferiening Fryslân (CAF). Boppedat wie Otter bestjoerslid fan de toanielferiening DITO yn Tsjalbert, fan iisklub 'Oller' en fan de frijwillige Brânwar yn Tsjalbert dêr’t hy brânmaster wie). De wei komt as 'de Kadijk langs de Achter-Vaart' al foar op de kaart fan Eekhof fan 1854. De wei komt as 'de Kadijk langs de Achter-Vaart' al foar op de kaart fan Eekhof fan 1854.
- Skoalwei – Earder de Earste stelle neamd. De wei leit yn Lúnbert, de skoalle dêr’t er nei neamd is yn Terbant en is opheft op 1 augustus 1969. It súdlike stik fan de "Skoalwei" – nei de ôftakking fan de eardere "Zwartswei" - is yn 1975 omneamd yn "Bornegoa" , tegearre mei de wegen “ Spitsendyk”,” Zwartswei” en “Simon Cyrenewei”
- Spitsenbrêge – (ferfallen) Lei op de trijesprong “Bornegoa”/”H.B.Jonkerwei”.
- Spitsendyk - (ferfalen) rûn fan de "Aengwirderwei" yn noardlike rjochting nei de 'Spitsenbrêge' (by ôfslach "H.B. Jonkerwei"). Op de kaart fan Eekhof fan 1854 komt it súd-noard rinnende diel al foar. It east-west rinnende stik ("H.B. Jonkerwei") waard dêr 'Rijweg naar Tjalleberd' neamd en gedieltelik 'Vaartswal'. Dit east-west rinnende stik waard doe ek 'Spitsendijk' neamd. Dat de namme ûntstean wêze soe trochdat de dyk oanlein west hawwe soe oan de einen (spitsen) fan de ferskate stikken lân is net mear as in ûnderstelling. De "Spitsendyk" is nei de ruilferkaveling yn 1975 omdoopt yn "Bornegoa" mei de wegen "Skoalwei" (súdlik diel), "Zwartswei" en "Simon van Cyrenewei".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |