Strjitten yn Tsjalbert

Wikimedia-list

De Strjitten fan Tsjalbert:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • ’’Aengwirderwei’’ – rint fan de rotonde troch de eardere gemeente Aenjewier - te witten fan It Hearrenfean troch Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat
  • ’’Albert Mol’s Menninge’’ – Rint fan de "Aengwirderwei" yn noardwestlike rjochting nei de "P.G. Otterwei". De reed waard yn 1924 ferhurde. Albert Mol wie feanbaas en hie oan dizze menninge in soad eigendommen. Earst waard skreaun: ’’dat hij werd geboren te Luinjeberd op 16 mei 1882. Hij is niet in deze gemeente, noch in voormalig Schoterland of Aengwirden , noch in Haskerland of Opsterland overleden’’. Neffens Hemminga moat dat wêze: Albert Hendriks Mol, veenbaas, geboren plm. 1774 in Giethoorn en op 20 oktober 1857 te Tjalleberd overleden.’’ 'Menninge' is de Oeriselske namme foar 'reed'. Oan de ferfeaning fan it Aengwirder gebiet dienen in soad minsken út Oerisel mei (û.o. út Giethoorn). Mol hie sa’n Giterske namme. Op de kaart fan Eekhof fan 1854 komt de reed al ûnder de namme 'de Kadijk' foar. Dizze kadyk foarme in beskerming tsjin de eastlik lizzende, yn 1850/52 as earste kavel drûchmealde lannen tsjin it wetter oan de westkant. De Kadyk sil yn 1851 oanlein wêze.
  • ’’De Deelen’’ - Feanpolder De Deelen ûnder Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat.
  • ’’De Finne’’ – namme is oernomd fan suggestjes fan Pleatslik Belang Ald-Aengwirden. It waard doe net nedich achte de namme te jaan oan it ferbiningspaad tusken de bedoelde nijbouwyk en de "Aengwirderwei". De strjitnammen yn dit gebiet hawwe betrekking op it lân yn de omkriten fan in pleats, yn dit gefal it stik lân fuort efter in boerepleats.
  • ’’De Kampen’’ - De earste sydstrjitte links –rekkene fan ôf de “Aengwirderweg"- fan de "Pastorijesingel" oanslutend op de "De Mieden", by it fuotpaad "It Hoarnleger". De strjitnammen yn dit gebiet hawwe betrekking op it lân yn de omkriten fan in pleats, yn dit gefal in perseel boulân.
  • ’’De Kluft’’ – By de nammejouwing is rekken hâlden mei de Giterske histoarje fan De Streek. Kluften wienen Giterske buorskippen dêr’t de feanters generaasjes lang wennen foardat se nei Fryslân gienen.
  • ’’De Mieden’’ – Eartiids einige de strjitte by De Kampen, maar waard letter trochlutsen. De strjitnammen yn dit gebiet hawwe betrekking op it lân yn de omkriten fan in pleats, yn dit gefal in stik gerslân/healân.
  • ’’De Pôle’’ - De strjitnammen yn dit gebiet gean werom op it lân yn de omkriten fan in pleats
  • ’’De Punter’’ - By de nammejouwing is rekken hâlden mei de Giterske histoarje fan De Streek. In punter is in spesifike platboaiem út Giteren.
  • ’’De Stripe’’ – betsjut ‘strook lân’.
  • ’’Haudmare’’ - Namme is ûntliend oan de midsiuwske namme foar Opsterlân, tefoaren mooglik 'Boarnferd'.
  • ’’Heafeartswei’’ - De paden en wegen oan beide kanten fan de Heafeart, dy’t troch Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat rint.
  • ’’It Hoarnleger’’ - De strjitnammen yn dit gebiet hawwe betrekking op it lân yn de omkriten fan in pleats, yn dit gefal it wenstee/ hiem.
  • ’’Pastorijesingel’’ – Fan de "Aengwirderwei" yn súdeastlike rjochting en oergeand yn Sechtjinroeden ûnder It Hearrenfean. Op de gemeentekaart fan Eekhof fan 1854 komt de wei mei de oantsjutting 'reed en voetpad' al foar. Eartiids run de beneaming fan dizze wei fierder troch, rjochting Feanslûs. Dit stik krige letter de namme Sechtjinroeden.
  • P.G. Otterwei – neamd nei Piter Otter, nei 1907 bestjoerslid fan it polderbestjoer fan it 4e en 5e feandistrikt en yn 1927 foarsitter. Ien fan de earste dingen dy’t er tariede moast wie de organisaasje fan it bemeallen fan de polder. Oant 1912 mei poldermûnen en in âlde stoommasine, dêrnei mei twa nije stoommasines. Otter wie ek bestjoerslid fan it Boargerlik Earmbestjoer fan Anjewier en letter foar de gemeentlike ynstelling foar maatskiplike helpferliening, fan de Algemiene Fryske Brânwaarboarchmaatskippij “Sânwâlden”. Mar ek fan it Sikefûns Tsjalbert, fan de Fryske Koöperative eksportslachterij yn Akkrum en fan de koöperative Oankeapferiening Fryslân (CAF). Boppedat wie Otter bestjoerslid fan de toanielferiening DITO yn Tsjalbert, fan iisklub 'Oller' en fan de frijwillige Brânwacht yn Tsjalbert dêr’t hy brânmaster wie). De wei komt as 'de Kadijk langs de Achter-Vaart' al foar op de kaart fan Eekhof fan 1854.
  • Wyngaarderwei – Waard yn 1955 oanlein en rûn fan de Pastorijsingel bylâns ryksweg 43 nei de grins mei Opsterlân. Troch de baanferdûbeling fan de A7 is het grutste diel fan de wei al ferdwûn. De wei rûn nei ‘De Wijngaarden' yn Opsterlân. De namme soe ferwize nei it úthôf "'De Wijngaarden' fan it kleaster yn Haskerdiken. De muontsen soenen dêr in wyngerd, túnkerij en feanterij hân hawwe, mar wierskynliker is it dat de namme ôflaat is fan in ferfeantersfamylje dy’t hjir besittings hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: