Strjitten yn Wurdum
De Strjitten fan Wurdum:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
De strjitten fan Wurdum krigen nei 1945 lykas ek gâns lytsere doarpen yn Fryslân offisjele strjitnammen. In oantal strjitten yn Wurdum binne nei bekende Wurdumers ferneamd. Wurdum hat in twatal Ingelsktalige strjitnammen, de George Emerson- en W. R. Fisherstrjitte. Yn de Twadde Wrâldoarloch makke in troch de Dútsers oansketten Wellingtonbommesmiter, mei as gesachfierder, George Emerson, in needlanning by Wurdum. It slagge de piloat William Robert Fisher mei muoite it tastel oer de huzen hinne te krijen, wêrtroch it doarp foar in ramp bewarre bleaun is. Fisher stoar as iennichst fan de seiskoppige bemanning by de hurde lanning en is yn Wurdum te hôf brocht. De oare mannen dy't min of mear ferwûne wiene, hawwe ta oant ein fan 'e oarloch yn Dútske kriichsfinzenis trochbrocht.
- Arjenspôle -
- Doeke Helamastrjitte - nei Doeke Hellema, 1766 - 1856, skoalmaster, boer, histoarjeskriuwer
- George Emmersonstrjitte - George Emerson
- Grutte Buorren -
- Grienedyk -
- Hôf -
- Jacob Algerasingel - Jacob Algera, 1902 - 1966, jurist, politikus, minister fan Ferkear en Watersteat.
- Kamp -
- Kempenaersreed -
- Legedyk -
- Loodyk -
- Lytse Buorren -
- Marwertsterdyk - dyk nei buorskip Marwert
- Pastorijsingel -
- Piskhoarnedyk - Piskhoarne
- Sjouke van der Kooistrjitte - Sjouke van der Kooi, 1851 - 1944, skoalmaster, kenner fan it Hylpersk.
- Skoallesteech -
- Swichumerdyk - dyk nei Swichum
- Sybren Valkemastrjitte - Sybren Valkema, boer, kastlein, toanielskriuwer en sosjalistysk foarman.
- Theodorus Beekhuisstrjitte - Theodorus Beekhuis, 1808 - 1993, húsdokter, tsjerkfâd en mannich oare bestjoersfunksjes
- Tjitze de Boerstrjitte - Tjitze de Boer, 1866 - 1942, heechlearaar wiisbegearte en grut Islamkenner.
- Tsjaarderdyk - dyk nei it buorskip Tsjaard
- Werpsterdyk -
- Widesteech -
- William Robert Fisherstrjitte - William Robert Fisher