Jacob Algera
Jacob Algera (Wurdum, 28 maart 1902 — De Haach, 8 desimber 1966) wie in jurist en politikus.
Jacob Algera | ||
politikus | ||
Jacob Algera yn 1958 | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 28 maart 1902 | |
berteplak | Wurdum | |
stjerdatum | 8 desimber 1966 | |
stjerplak | De Haach | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | ARP | |
gemeenteriedslid fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1935 - 1941 | |
lid Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1937 - 1952 | |
boargemaster fan Ljouwert (wnd.) | ||
amtsperioade | 1945 - 1946 | |
foargonger | Wilhelm Schönhard | |
opfolger | Adriaan van der Meulen | |
lid Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1946 - 1952 | |
lid Deputearre Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1946 - 1952 | |
minister fan Ferkear en Wettersteat | ||
regear | kabinet-Drees II en III | |
amtsperioade | 1952 - 1958 | |
foargonger | Hendrik Wemmers | |
opfolger | Herman Witte | |
lid Ried fan Steat | ||
amtsperioade | 1958 - 1966 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeNei in juridyske stúdzje yn Grins waard er amtner by de provinsjale griffy en de Provinsjale Bibleteek oant 1937. Hy wie polityk warber yn de ARP en hearde tsjerklik ta de Grifformearde Tsjerke. Sûnt 1937 waard er lid fan de Twadde Keamer foar de AR. Fan 1935-1945 wie Algera lid fan de gemeenterie fan Ljouwert, yn 1945 en 1946 waarnimmend boargemaster en tusken 1946-1952 lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.
Sûnt 2 oktober 1952 wie er minister fan Ferkear en Wettersteat yn it Kabinet-Drees II en III. Yn syn amtsperioade wie er belutsen by it reekommen fan 'e Deltawet yn 1958. It earste foltôge deltawurk, de Algearbrêge oer de Hollânske Isel by Krimpen oan de Isel waard nei him neamd. Fanwegen ôfnimmende sûnens stapte er, nei it oannimmen fan de Deltawet, yn 1958 op. Dat jiers waard er beneamd ta lid fan de Ried fan Steat. Fan 1961 oant 1965 wie er bestjoerder fan de Frije Universiteit fan Amsterdam.
Algera boaske yn augustus 1928 yn Stiens met Froukje Wijnia. Hy ferstoar yn desimber 1966 yn 'e âldens fan 64 jier yn De Haach. Algera wie Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Njonken de brêge by Krimpen oan de Isel by de stoarmfloedkearing, waard der yn syn bertedoarp Wurdum in strjitte nei him ferneamd.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|