Strykmûne I by it doarp Oterleek yn 'e gemeente Alkmaar by Rustenburg is ien fan 'e 14 strykmûnen, dy't eartiids boud waarden om it wetter fan ferskate polders ôf te meallen nei de Skermerboezem. In strykmûne is in wettermûne mei in tige lytse opfierhichte, dy't it wetter fan 'e iene nei de oare boezem meallet. De mûne is mealree yn sirkwy.

Strykmûne I
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Oterleek
adres Noordschermerdijk 15
koördinaten 52° 38'N 4° 52'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 24,4 m
boujier 1864
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen St.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 531078
Kaart
Strykmûne I (Noard-Hollân)
Strykmûne I

By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.

Om de mûnen fan inoar te ûnderskieden krigen de mûnen op in inkelde útsûndering nei in letter. Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer east fan Oudorp en fjouwer op it doarpsgebiet fan Oterleek by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun.

Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't it wetterpeil fan 'e Raaksmaatsboezem en de Skermerboezem lyklutsen waard.

Skiednis strykmûne I

bewurkje seksje
 
De trije strykmûnen I, K en L (2024 yn restauraasje) by Rustenburg.

Strykmûne I is ien fan 'e oarspronklik fjouwer strykmûnen dy't by Rustenburg stiene. De mûnen waarden mei de letters H, I, K en L oantsjut. Fan dy mûnen bleaune trije (I, K en L) bewarre. Strykmûne H rekke yn 1919 syn wjukkekrús kwyt en yn 1936 waard ek de rest fan 'e mûne ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de ferbettering fan it kanaal.[1] Strykmûne I waard yn 1864 boud nei 't syn foargonger út 1843 yn febrewaris 1863 troch ynslach fan 'e bliksem ôfbaarnde. Dy foargonger wie wer yn it plak boud fan in mûne dy't yn 1826 ôfbaarnde. De alderearste strykmûne L waard tagelyk mei de oare strykmûnen yn 1627 boud.

Doe't de mûne yn 1941 syn funksje ferlear, waarden it geande wurk ferwidere en de wetterrin tichtsmiten. Nei 't de mûne in skoft stilstien hie, waard yn 2001 it mûnebiotoop ferbettere troch beammen en strûken te ferwiderjen. Ek waard in diel fan 'e boezem wer rekonstruearre. Sûnt 2002 draait de mûne wer regelmjittich.

Strykmûne L is in muonts mei in flecht fan 24,30 m. Lykas in soad Noard-Hollânske mûnen is de mûne in binnenkruier.

 
De yn 2022 rekonstruearre wetterrin.

Yn 2018 krige de mûne nij reid en sûnt 2021 waard der oan 'e mûne wurke om him wer hielendal mealree te meitsjen. Sa moasten it binnenwurk en de wetterrinnen wer rekonstruearre wurde, in nije skroef makke wurde en it hiele wjukkekrús ferfongen wurde. De earder laske roeden binne doe ferfongen troch klonken roeden.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: