Strykmûne K by it doarp Oterleek yn 'e gemeente Alkmaar by Rustenburg is ien fan 'e 14 strykmûnen, dy't eartiids boud waarden om it wetter fan ferskate polders nei de Skermerboezem ôf te meallen. In strykmûne is in wettermûne mei in tige lytse opfierhichte, dy't it wetter fan 'e iene nei de oare boezem meallet. De mûne is mealree yn sirkwy.

Strykmûne K
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Oterleek
adres Noordschermerdijk 14
koördinaten 52° 38'N 4° 52'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 24.14 m
boujier 1627
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen St.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 531077
Kaart
Strykmûne K (Noard-Hollân)
Strykmûne K

By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem, om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.

Om de mûnen fan inoar te ûnderskieden krigen de mûnen op in inkelde útsûndering nei in letter. Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer east fan Oudorp en fjouwer op it doarpsgebiet fan Oterleek by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun.

Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't it wetterpeil fan 'e Raaksmaatsboezem en de Skermerboezem lyklutsen waard.

Skiednis strykmûne K

bewurkje seksje
 
De trije strykmûnen I, K en L (2024 yn restauraasje) by Rustenburg.

Strykmûne K is ien fan 'e oarspronklik fjouwer strykmûnen, dy't by Rustenburg stiene. De mûnen waarden mei de letters H, I, K en L oantsjut. Fan dy mûnen bleaune trije mûnen (I, K en L) bewarre. Strykmûne H rekke yn 1919 syn wjukkekrús kwyt en yn 1936 waard ek de rest fan 'e mûne ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de ferbettering fan it kanaal.[1] Strykmûne K waard yn 1627 boud. Yn 1831 waard it skeprêd fan 'e mûne ferfongen troch in skroef. Oars as by de oare strykmûnen waard nei 1941, doe't de mûnen harren funksje ferlearen, it geande wurk fan strykmûne K net ferwidere. Wol waarden de wetterrinnen fan 'e mûne tichtsmiten.

Nei't de mûne jierrenlang stilstien hie, waard de omjouwing fan 'e mûne ferbettere troch beammen en strûken te ferwiderjen. Sûnt 2002 draait de mûne wer regelmjittich. Ek waard de Skermerboezem wer foar in part iepengroeven.

Yn 2019 is de mûne wer mealree makke, de mûne krige û.o. nije klonken roeden en in nije houten skroef. Ek binne de wetterrinnen wer iepene.

Strykmûne K is in muonts mei in flecht fan 24,14 m. Lykas in soad Noard-Hollânske mûnen is de mûne in binnenkruier.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: