Strykmûne L
Strykmûne L by it doarp Oterleek yn 'e gemeente Alkmaar by Rustenburg is ien fan 'e 14 strykmûnen, dy't eartiids boud waarden om it wetter fan ferskate polders ôf te meallen nei de Skermerboezem. In strykmûne is in wettermûne mei in tige lytse opfierhichte, dy't it wetter fan 'e iene nei de oare boezem meallet.
Strykmûne L | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Alkmar | |
plak | Oterleek | |
adres | Noordschermerdijk 12 | |
koördinaten | 52° 38'N 4° 52'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 23,6 m | |
boujier | 1627 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Skermer Mûnen Stifting | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 531075 | |
Kaart | ||
By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.
Om de mûnen fan inoar te ûnderskieden krigen de mûnen op in inkelde útsûndering nei in letter. Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer east fan Oudorp en fjouwer op it doarpsgebiet fan Oterleek by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun.
Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't it wetterpeil fan 'e Raaksmaatsboezem en de Skermerboezem lyklutsen waard.
Skiednis strykmûne L
bewurkje seksjeStrykmûne L is ien fan 'e oarspronklik fjouwer strykmûnen dy't by Rustenburg stiene. De mûnen waarden mei de letters H, I, K en L oantsjut. Fan dy mûnen bleaune trije bewarre. Strykmûne H rekke yn 1919 syn wjukkekrús kwyt en yn 1936 waard ek de rest fan 'e mûne ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de ferbettering fan it kanaal.[1]
Strykmûne L waard yn 1627 boud. Yn 1838 waard it skeprêd ferfongen troch in skroef.
Nei't de mûne yn 1941 de funksje ferlear waarden it geande wurk ferwidere, de wetterrin tichtsmiten en de roeden strutsen. De roeden krigen wer in nije funksje foar de ûnttakele mûne yn 'e Berkmeerpolder yn Obdam, dêr't de mûne fanwegen de oarlochsomstannichheden wer mealree makke waard. De rest fan 'e strykmûne bleau as wente bestean en it duorre oant 1958 dat strykmûne L útwindich wer mei wjukken kompletearre waard.
Nei 't de mûne in skoft stilstien hie, waard yn 2001 it mûnebiotoop ferbettere troch beammen en strûken te ferwiderjen. Ek waard in diel fan 'e boezem wer rekonstruearre. Sûnt 2002 draait de mûne wer regelmjittich.
Strykmûne L is in muonts mei in flecht fan 24,30 m. Lykas in soad Noard-Hollânske mûnen is de mûne in binnenkruier.
Yn septimber 2023 waard útein set om de mûne ek wer mealree te meitsjen, lykas dat earder al dien wie mei de oanbuorjende mûnen K en I. Dêrfoar moat it binnenwurk wer kompleet makke en de wetterrin wer rekonstruearre wurde. Ek kriget de mûne nije klonken roeden en wurdt de wente yn 'e mûne wer yn 'e oarspronklike steat werom brocht. Eigner fan 'e mûne is de Schermer Molens Stichting.[2]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|