Suster

(Trochferwiisd fan Susters)

In suster, of mei in ferlytsingsfoarm suske, is in sibling fan it froulik geslacht yn ferhâlding ta har mei-siblings binnen in gesin. De manlike wjergader fan in suster is in broer. As it om in twilling giet, sprekt men fan twillingsusters. De relaasje tusken in suster en har mei-siblings wurdt oantsjut as de sustersteat of it susterskip, en it byhearrende eigenskipswurd is suster-, susterlik of sororaal. De term 'susterlik' (eigenskipswurdlik) of susterlikens (haadwurdlik) wurdt, los fan 'e famyljerelaasje, wol brûkt om oan te jaan dat der gjin hierargyske ferskillen binne. Guon organisaasjes dy't tige de klam lizze op gelykheid, neame harsels ek wol in susterskip (tink derom: 'de susterskip'); dat is benammen it gefal by kleasteroarders.

Twa suskes op 'e stoepe foar hûs.
Dizze side giet oer de famyljerelaasje 'suster'. Foar in froulike kleasterling, sjoch: non.

As in suster deselde mem of deselde heit hat as in sibling, mar net beide, is it in healsuster. In suster út in eardere relaasje fan in styfâlder is in styfsuster. As lid fan in twilling wurdt in suster ek wol oantsjut as in twillingsuster. In famke dat yn it ramt fan 'e pleechsoarch opfongen wurdt yn in pleechgesin is foar de biologyske bern fan har pleechâlden in pleechsuster. In oantroude froulike partner fan jins sibling wurdt in skoansuster neamd.

Ut beskate antropologyske ûndersiken hat bliken dien dat susters ûnderling mear jaloerskens oan 'en dei lizze as bruorren. Dat is in foarm fan duorjend konflikt tusken siblings, in ferskynsel dat yn 'e antropology en de sosjology oantsjut wurdt as siblingrivaliteit. Yn guon kultueren, lykas de Sisyljaanske, wurde bruorren, fral as se âlder binne, achte harren susters te beskermjen tsjin alderhanne saken, dy't útinoar rinne kinne fan narjen op skoalle oant it besykjen troch oare manlju om harren te fersieren, sels as se al folwoeksen binne. As de suster dêr net fan tsjinne is, kin dat grutte spannings opsmite binnen in famylje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes