Sybren Tulp (Ljouwert, 29 maart 1891Amsterdam, 22 oktober 1942) wie in Nederlânsk militêr en in Amsterdamske haadkommissaris fan plysje.

S. Tulp by syn ynstallaasje als haadkommissaris (maaie 1941)

Hy wie it âldste bern fan Anne Sjoerd Tulp, bakker en kommend út in learloaierslaach út Ljouwert en Wimke van der Goot dy't út in boerelaach út Grou kaam. Yn septimber 1905, doe't Sybren Tulp 14 jier wie, skieden syn âlden wêrnei't syn heit in jier letter troude mei in 12 jier jongere frou.

Nei de earste 3 jier fan de hbs yn Ljouwert, gie hy yn 1907 studearjen oan de kadetteskoalle yn Alkmaar dêr't tariedend ûnderwiis jûn waard foar talitting ta de Keninklike Militêre Akademy (KMA) yn Breda. Yn 1909 gier er nei de KMA dêr't er slagge foar de offisiersoplieding yn de rjochting Ynfantery East-Ynje. Yn de simmer fan dat jier waard er legere by de ynfantery yn Doesburg en letter yn Nymwegen.

Yn 1912 waard er legere by in garnizoenskompanjy op Noard-Sumatra. Yn 1916 waard er as earste luitenant oerpleatst nei it korpsgedielte Sidikalang. Yn 1922 waard er legere op Java) nei Timor en waard hy befoardere ta kapitein. Yn Bandoeng waard er adjudant fan de generaal ynspekteur.
Yn 1932 gie er fanút Nederlânsk-Ynje nei Suriname en sette dêr de boargerwacht op. Fjouwer jier letter waard er luitenant-kolonel yn Ynje yn Batavia. Yn 1938 gie er nei 26 jier tsjinst by de KNIL mei pinsjoen.

Yn 1939 waard er yn Nederlân lid fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB). Hy waard haadkommissaris fan Amsterdam en die er mei oan de joadeferfolging. Op oanstean fan Höhere SS-und Polizeiführer H.A. Rauter waard Tulp lid fan de Nederlânske SS. Op 3 oktober 1942 waard er slim siik en ferstoar in pear wiken letter, mooglik as gefolch fan syn reuma. Syn widdo krige doe fan Heinrich Himmler persoanlik in telegram wêryn't er har ferstoarne man priizge.

Syn yn maaie 1909 berne healbroer Haring Tulp wie lid fan it ferset en stoar op 19 oktober 1942, dus 3 dagen foar it ferstjerren fan Sybren Tulp, yn it konsintraasjekamp Buchenwald.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nieuwe Rotterdamsche Courant; 6 maaie 1910, 14 maaie 1910, 4 juny 1910, 20 maaie 1911, 29 juny 1912, 24 july 1912, 25 septimber 1912, 14 desimber 1912, 27 augustus 1914, 9 july 1916, 3 desimber 1920, 4 desimber 1920, 26 jannewaris 1922, 23 maaie 1925, 11 april 1926, 10 oktober 1926, 8 maaie 1928, 30 maaie 1929, 8 juny 1929
  • het Vaderland; 17 febrewaris 1922, 5 july 1927, 14 desimber 1928, 1 juny 1932, 11 juny 1932, 25 july 1932, 5 maart 1933, 2 maaie 1933, 5 desimber 1935, 3 febrewaris 1936, 15 febrewaris 1936, 27 maart 1936, 31 maart 1936, 29 april 1936, 4 novimber 1936, 23 april 1941, 24 april 1941, 26 oktober 1942
  • Amersfoortsch dagblad/De Eemlander; 5 desimber 1935
  • Staatsalmanak voor het Koninkrijk der Nederlanden (ferskate jiergongen jierren '20 en '30)
  • A.J.J. Meershoek, The Amsterdam police and the persecution of the Jews yn The Holocaust and History: The Known, the Unknown, the Disputed, and the Reexamined, Indiana University Press, 1998, ISBN 0253333741
  • A.J.J. Meershoek, Dienaren van het gezag: de Amsterdamse politie tijdens de bezetting , Van Gennep, Amsterdam, 1999, ISBN 90-5515-223-4
  • 'Zonder morren'; De Groene Amsterdammer (5 maaie 1999)
  • Genealogyske ynformaasje oer Sybren Tulp