Synagoge fan Ljouwert
De synagoge fan Ljouwert oan 'e Sakramintsstrjitte yn Ljouwert wie eartiids it gebedshûs fan 'e Ljouwerter joadske gemeente.
Ljouwerter synagoge | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Sakramintsstrjitte 19 | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1865 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24354 | |
Webside | ||
Nederlânsk-Israelityske gemeente Ljouwert | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOan 'e Sakramintsstrjitte waard yn 1755 foar it earst in synagoge yn gebrûk nommen. Earder brûkten de joaden in gebou oan 'e Amelânspiip oan 'e Alde Ie, dat dield wurde moast mei de katoliken. De synagoge waard yn 1805 ferfongen troch in nij gebou. De Ljouwerter joadske mienskip wie yn dy tiid de grutste fan it noarden en in sintrum fan joadske kultuer. Yn 1865 waard de synagoge nochris grutter makke, mar it tal leden fan 'e joadske gemeente rûn doe al tebek.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it grutste diel fan 'e joadske mienskip fermoarde. De synagoge en it ynterieur waarden lykwols sparre en nei de oarloch waard de synagoge yn 1948 op 'e nij yn gebrûk nommen troch de joaden dy't de oarloch oerlibbe hiene. Om't de synagoge foar de lytse mienskip no dochs wat te grut wie, waard it gebou yn 1964 sletten. It ynterieur gyng mei in tal religieuze saken nei Israel en in oar diel belâne yn it Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam.
Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt as dûnsskoalle. Op guon heechtijdagen wurdt de âlde synagoge noch wolris brûkt troch de joadske mienskip.
Yn 2017 waard de Ljouwerter synagoge mei euro- en dollartekens, in duvelsk symboal en it tal 666 bekalke.[1]
De lytse joadske mienskip makket sûnt 1980 gebrûk fan in synagoge yn 'e Slotmakkersstrjitte. Dy synagoge waard ynrjochte mei saken út de eardere synagoge fan De Gerdyk.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|