Sytze Greidanus
Sytze Greidanus (Ljouwert, 7 augustus 1843 - Baarn, 25 oktober 1914) wie dokter, wethâlder Publike Wurken en hofdokter fan de Nederlânske Keninklike famylje.
Biografy
bewurkje seksjeGreidanus wie de soan fan Taco Greidanus en Cornelia Petronella Leensma. Hja hiene in krûdenierswinkel en grossierderij oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Op 27 maaie 1868 troude er mei Ietsche (Jitske) Kuipers. Se krigen fjouwer bern: trije famkes en in jonge.
Doe er 18 jier wie liet er him op 19 septimber 1861 ynskriuwe as medysk studint oan de universiteit fan Leien. Yn 1866 promovearre er twa kear: 20 juny cum laude ta doktor yn de genêskunde (midden yn in goalera-epidemy) en op 23 oktober magna cum laude ta doktor yn de bertesoarch.
Op 8 febrewaris 1867 begûn er in dokterspraktyk yn Bûtenpost [1]. De famylje wenne foar it hjoeddeiske gemeentehûs oer. Op 15 novimber 1867 liet er him ynskriuwe oan de Universiteit fan Grins en promovearre in jier letter ta doktor yn de hielkunde.
Op 1 maaie 1877 ferfear er nei Soest dêr't er gemeentedokter en hofdokter fan prins Hendrik waard. Yn 1881 folge syn beneaming ta gemeente-genêsmaster yn Baarn. De húshâlding wenne dêr yn filla Dalhof oan de Dalweg 8[2]. Fierder waard er hofarts fan kening Willem III en dêrnei fan keninginne Emma. Yn 1890 waard dat offisjeel en krige er in jiersalaris fan 700 gûne.
Yn 1902 waard er lid fan de gemeenteried om yn 1909 ta wethâlder Publike Wurken yn Baarn beneamd te wurden. Dat amt soe oant syn dea yn 1914 ta ferfolle[3].
Dokter Greidanus wie offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Op 29 oktober 1914 waard Greidanus beïerdige op it Alde Algemiene Begraafplak oan de Berkenweg yn Baarn.
Earst op lettere jierren soe Greidanus skriuwe. Oer syn tiid yn Bûtenpost skreau er De Dagen van Olim, dat letter útjûn wurde soe as Een dorpsdokter uit de Friese Wouden vertelt[4]. Greidanus ferhellet yn dat boek hoe primityf de medyske praktyk yn dy perioade noch wie en de oer de foarútgong fan de medyske stân yn syn libben as dokter[5].
Bibliografy
bewurkje seksje- De dagen van Olim (1904) / Een dorpsdokter uit de Friese Wouden vertelt (1974)
- De leer van Malthus is een leugen (1904)
- Geneeskundig onderzoek voor het huwelijk een redelijke verplichting (1904)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |