Tebaanske Legioen
It Tebaanske Legioen wie yn de kristlike tradysje in romeinsk legioen fan likernôch 6.600 man sterk, dy't him massaal bekearde ta it kristendom en oan it begjin fan de 4e iuw like massaal de martlersdea ferstoar, nei't it wegere oan de romeinske goaden te offerjen.
Tebaanske Legioen | ||
hillige | ||
It Martlerskip fan it Tebaanske Legioen (El Greco) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
stjerdatum | 286 of 287 | |
stjerplak | Agaunum (Saint-Maurice, Switserlân) | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Otterdokse Tsjerke Koptysk-Otterdokse Tsjerke | |
hjeldei | 22 septimber | |
attributen | Grutte groep romeinske soldaten |
Yn de midsiuwen wie it ferhaal oer it Tebaanske Legioen populêr en sawol it hiele legioen as ek yndividuele leden waarden tige fereare. Oft it legioen ea bestean hat is lykwols ûnwis, bewizen ûntbrekke en foar in soad histoarisi wurdt it dêrom as fiksje ôfdien.
De feestdei fan it legioen is fêststeld 22 septimber.
Yn Fryslân binne gjin tsjerken dy't oarspronklik oan it legioen wijd binne; wol binne der tsjerken dy't yndividuele leden fan it legioen (de Victoriustsjerke fan Penjum, de Mauritiustsjerke fan Drylts en de Mauritiustsjerke fan Jirnsum) as patroanhillige hiene.
Boarnen
bewurkje seksjeDe ferhalen oer it Tebaanske Legioen binne oarspronklik basearre op it yn de jierren 430-440 skreaune passio Acaunensium martyrum fan de yn it jier 450 ferstoarne biskop Eucherius fan Lyon. De biskop woe mei it opskriuwen fan it ferhaal tefoarren komme dat it romrofte martlerskip fan it legioen fergetten wurde soe. Eucherius op syn beurt basearre him op oerleverings fan biskop Isaak fan Geneve, dy't him wer basearre hie op de biskop fan Theodor fan Sion, dy't oan it begjin fan de 5e iuw ferstoar. Dêrnjonken is der noch in aparte oerlevering, in 5e-iuwske anonime ferzje fan de passio, dy't wat ferskilt mei dy fan Eucherius.
De alderearste ferslaggen oer it legioen waarden dus teminsten hûndert jier letter opskreaun nei it tiidstip fan it martlerskip fan it legioen.
Letter skreaune ek Gregoarius fan Tours, Fenantius Fortunatus en Walahfrid Strabo oer de wederwarichheden fan it Tebaanske Legioen. Faak wurde dêrby lokale hilligen as leden fan it legioen oan tafoege. Neffens Gergoarius fan Tours soe ek de yn Keulen fereare Gereon en syn gesellen lid west ha fan it legioen.
5e-iuwske oerlevering
bewurkje seksjeNeffens Eucherius wie it legioen oarspronklik it garnizoen fan 'e stêd Egypte yn Egypte, dat doe diel útmakke fan it eastlike diel fan it Romeinske Ryk. Alle 6.600 leden (neffens de anonime ferzje 6.660) hiene it kristlike leauwe oannommen. Oanfierder fan it legioen wie Mauritius, dy't neffens in letter ferhaal ek yn it besit wie fan de Hillige Lâns. Oare mei namme neamde ofsieren wiene Eksupearius en Kandidus. Neffens de anonime passio rôp keizer Maksimianus it legioen tsjin it ein fan de 3e iuw op om nei Galje te tsjen en dêr te striden tsjin de Bagauden.
Nei't Maksimianus syn kamp yn Octodurum (tsjintwurdich: Martigny) opsloech easke de keizer om foar in súksesfolle striid earst in offer te bringen oan de romeinske goaden. Mauritius en syn mannen folgen dat befel net op en gyngen nei Agaunum (St. Maurice d'Agaune), dêr't hja harren kamp opsleagen. Nei't hja opdroegen waarden werom te kommen foar it offerjen waard it legioen foar straf oant twa kear ta desimearre. Neffens de passio fan Eucherius wie dat om't Mauritius mei syn mannen wegeren tsjin kristenen te fjochtsjen. Ek skreau Eucherius dat de manlju gjin ferset beane en sels it martlerskip sochten. Sa joech Maksimianus lang om let it befel om it hiele legioen te deadzjen. By it plonderjen fan de lichems waard ek in kristen mei de namme Fiktor fermoarde. Hy wie gjin lid fan it legioen, mar hie himsels bekend makke as kristen. Twa soldaten wisten út te piken nei Solothurn en waarden dêr fermoarde (Sint-Fiktor en Sint-Ursus).
Rynlân
bewurkje seksjeNeffens de anonime passio sanctorum Gereonis soene dielen fan it legioen earder al foar de troepen op nei it Rynlân tein wêze om dêr in opskuor del te slaan. Yn it Rynlân waarden lykwols ek dy ûnderdielen ynrekkene en útmoarde. Yn Bonn wiene dat Kassius en Florentius mei tolve gesellen, yn Keulen wie dat Gereon mei 318 gesellen en yn Xanten wie dat Fiktor mei 330 gesellen.
Yn de Sint-Paulinustsjerke fan Trier wurde hjoeddedei in grut tal bonken en skedels bewarre. Neffens in lokale leginde waard it legioen noardlik fan de stêd ôfslachte. De tsjerke waard oarspronklik op in romeinsk grêffjild boud.
Ferearing
bewurkje seksjeSpoaren fan de ferearing fan it Tebaanske Legioen op it plak dêr't de eskekúsjes plakfûnen geane werom op de lette 4e iuw. It wie de biskop fan Octodurum (Martigny), dy't yn Agaunum (Saint-Maurice) de reliken sammele en foar 392 op it fynplak Cour du Martolet in grêftsjerke bouwe liet.
Yn it Martyrologium Hieronymianum dûkten yn 430 Mauritius en'syn gesellen op. Nei alle gedachten stiene hja doe al op in lokale tsjerkekalinder. Eucherius skriuwt oer in mirakel fan in frommiske dy't mei ferlammingsferskynsels nei Agaune kaam en dêr bidde om genêzing. Har gebed waard ferhearre en yn 450 wie der al sprake fan in pylgerstream nei it eksekúsjeplak fan de martlers. Eucherius fertelt yn gearhing mei dat ferhaal dat der ek in hospitium wie en de pylgers sulver en goud joechen. Sa't it liket hiene de reliken fan de soldaten yn de tiid fan Eucherius al aardich wat bekendheid krige. Agaune wie nei alle gedachten boppedat by pylgers ek populêr, om't it geografysk geunstich lei op de rûte fan it noarden oer de Alpen nei it suden.
Kening Sigismund stifte yn 515 op it plak de Mauritiusabdij (Abbaye de Saint-Maurice). De earste paus dy't mei wissens de abdij besocht wie paus Stefanus II. Hy reizge nei de abdij om de diplomatike bannen mei de frankyske kening Pepyn oan te heljen - de kening liet it lykwols ôfwitte en kaam net. In oare ferneamde pylger wie de karolingyske wie Karel de Keale yn 875. Wylst de iere tradysje fral it legioen as groep fereare, docht it út de pylgerferslagen fan Saint-Maurice bliken dat letter de ferearing jimmeroan mear betrekking krige op de persoan Mauritius.
Al yn de iere midsiuwen waarden de reliken fan it legioen yn Saint-Maurice fereare en se rekken ferspraat troch skinkings oan oare kleasters, tsjerken en kapellen. Foar in diel waarden dy reliken letter werom brocht nei Saint-Maurice, om sa de status fan it plak as it sintrum fan it pylgerjen feilich te stellen. Oare reliken fan it legioen bleaune op it plakken dêr't oare leden de martlersdea stoaren; lykas Kassius en Florentius yn Bonn. Yn guon gefallen, lykas by Gereon en Fiktor, ûnstiene legindes oer de ûntdekking fan de reliken troch Helena, de mem fan Konstantyn de Grutte.
Nammen
bewurkje seksjeDer binne meardere martlers fan it legioen mei de namme Victor (Fiktor). Mooglik wiene harren nammen net bekend en krigen se ynstee dêrfan de titel victor (latyn foar oerwinner). Ek Mauritius, de oanfierder fan it legioen, soe gjin oerlevere namme wêze, mar fan it grykske mauros , μαῦρος (swart, donker) stamme. Mauritius wurdt dan ek fakentiden as in swarte soldaat útbylde. Itselde jildt foar de namme fan Gereon, dy't fan it grykske geron, γέρων, (âlde man) of it latynske gerere (oarloch fiere) stamme soe.
Twifels
bewurkje seksjeAl yn de earste helte fan de 19e iuw ûnstiene der grutte twifels oft it legioen wol ea bestean hie en de omstannichheden fan de gewelddiedige opheffing. Ien fan de haadarguminten wie dat Sulpicius Severus, in tiidgenoat en belangrike skiedkundige fan Eucherius, gjin tradysjes neilitten hat oer it ferhaal. Dêrnjonken soene der fanôf it ein fan de ferfolgings ûnder Falerianus (257-260) oant de bluodrige kristenferfolgings fanôf 303 ûnder Diokletianus hast in heale iuw gjin dokumintearre ferfolgings fan kristenen troch de steat plakfûn ha. Dat wurdt lykwols wjersprutsen troch de ynformaasje yn de anonime passio, dy't de wrede eksekúsjes yn gearhing mei de oarloggen tsjin de Bagauden yn de jierren 285-286 datearret. Ek binne neamde jiertallen en oantallen net altiten yn oerienstimming mei de gebrûken fan dy tiid.
De Switser Louis Dupraz wie ien fan seldsume moderne gelearden dy't der fan út gyng dat it ferhaal yn de kearn kloppet. It Tebaanske Legioen soe neffens him in militêre hynsteienheid west ha fan it Legio II Traiana fortis. It Tebaanske legioen waard by Eucherius as legio militum beskreuan, dat Thebaei neamd waard. Hy wie der wis fan dat de beskriuwing Tebanen út de mûnlinge oerlevering stamme. Eucherius brûkt it wurd legio, dat er de lêzers fan syn tiid earst noch ferklearje moast.
Inkelde ûndersikers hingje de teory oan dat de oerlevering fan it Tebaanske Legioen yn gearhing mei de striid tusken keizer Teodoasius I en usurpator Eugenius ûntstien is: yn it jier 394 kaam it ta in boargerkriich tusken de twa kampen. Teodoasius liet Eugenius en syn machtige legeroanfierder Arbogast, dy't gjin kristen wie, as fijannen fan God en kristenferfolgers ôfskilderje. Mei it martlersferhaal fan it Tebaanske Legioen soe Theodor fan Sion besocht ha de by Octodurum (Martigny) stasjonearre Egyptyske troepen oan de kant fan Teodoasius te krijen. Mar wat boarnen oanbelanget is ek dat ferhaal net te ûnderbouwen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Thebaische Legion
|