Terhorst
(Trochferwiisd fan Ter Horst)
Terhorst (Ter Horst) is in iestbuorskip oan de dyk mei deselde namme yn de gemeente Midden-Drinte besuden Beilen.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1844 wurt it plakje neamd as Ter-Horst, tusken 1851 en 1855 as Ter Horst en fan 1865 oant 1868 waard it Terhorst neamd. Offisjeel is it no Ter Horst. De namme betsjut mei strewellen begroeide hichte. Oant 1998 lei it buorskip yn de gemeente Beilen, dêrnei oant 2000 yn de gemeente Mulfjild.
Lizzing
bewurkje seksjeIt buorskip wurdt fan Beilen skieden troch de Terhorstermieden, oan beide kanten fan it Linthorst Homankanaal. It leit bewesten it spoar fan Meppel nei Grins. Besuden it buorskip lei de Terhorstereist, besúdwesten it Terhorstersân (bosk, woeste grûn) mei de Makkumerplasse.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Midden-Drinte | ||
---|---|---|
Doarpen: Balinge • Beilen • Boppesmilde • Drijber • Elp • Garminge • Hijken • Hoogersmilde • Hooghalen • Mantinge • Nij-Balinge • Oranje • Orvelte • Smilde • Spier • Swiggelte • Westerbork • Wijster • Witteveen | ||
Buorskippen: Alting • Beilerfeart • Brunsting • Bruntinge • De Polle • Eursing • Eursinge • Hijkersmilde • Holthe • Klatering • Laaghalen • Laaghalerveen • Lieving • Lievingerveld • Makkum • Norgerfeart (foar in part) • Oosthalen • Rheeveld • Smalbroek • Ter Horst • Súdfjild | ||
· · |