Hegersmilde

(Trochferwiisd fan Hoogersmilde)
Hegersmilde
Himrik fan Hegersmilde
Provinsje Drinte
Gemeente Midden-Drinte
Ynwenners (2020) 1.250
Koördinaten 52°54'19"N 6°23'50"E
Netnûmer 0594
Postkoade 0592
Webstee www.hoogersmilde.eu

Hegersmilde[1] (Nederlânsk en offisjeel: Hoogersmilde) is in doarp yn de provinsje Drinte, gemeente Midden-Drinte.

Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1998 heart it plak by de gemeente Midden-Drinte, dêrfoar wie it part fan de gemeente Smilde. Yn 2020 wennen dêr 1.250 minsken.

Hegersmilde is in typysk lintdoarp, boud oan wjerskanten fan de Smilderfeart.

Yn Hegersmilde slút de Beilerfeart oan op de Smilderfeart.

Bysûnderheden yn en om Hegersmilde

bewurkje seksje
 
Stjoerstasjon Smilde (2012)
  • Besuden Hoogersmilde leit it Leggelderfjild en de Blauwe Mar
  • It is it âldste doarp yn de gemeente Midden-Drinte; yn 2008 bestie it 375 jier.
  • Under Hegersmilde, oan de Beilerfeart, stiet in stjoermêst mei in hichte fan benei 300 meter. De mêst is op 15 july 2011 foar in part ynstoarten troch in brân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.