Teunis fan Wassenaar

Anthonius (Teunis) Nicolaï van Wassenaar (Dokkum om 1520? - emeritus 1599) wie preester yn Hegebeintum, mar al yn 1545 herfoarme.

Hy flechte nei East-Fryslân en waard dêr predikant yn Uplewert oant 1566, yn Ljouwert (1566 en foar 1574), Inkhuzen (1574-1576), Warkum en tydlik Wurdum en Sleat (1584-1586), Stiens (-1599). Yn juny 1595 wie hy foarsitter fan de synoade te Frjentsjer. Tsjin 1599, nei in omdôchs fersyk om ûntslach en pensjoen yn 1591, waard er emeritus en oansteld as Raad der Kerk van Leeuwarden. In skriuwen fan syn hân De magistratu is troch de synoades fan 1583 oant 1595 ûndersocht en foar útjefte reemakke. It ferhaal fan syn rûzje mei de synoade ensfh., wêryn't hy neist Ruard Acronius stie, dy't sa heech opspile, dat it op 't lêst gie om it gesach fan de synoade, joech G.H. van Borssum Waalkes, yn it Argyf fan 1903. Romein neamt twa bruorren fan him, nammentlik Tiberius of Tjebbe en Johannes. Faak stelde hy rekwesten op, út namme fan de synoade, oan de oerheid oer ferskate tsjerklike belangen, bygelyks tsjin de Menisten; yn 1587 oan de kening fan Ingelân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme
  • NNBW
  • T.A. Romein, Naaml. der Pred. in Friest. (Leeuw. 1886) 5, 69, 154, 388, 424, 532; * Reitsma en van Veen, Acta VI, register in voce;
  • Rutgers, Acta. 527; Kerkel. Handb. 1908, Bijl. 112; 1911, Bijl. 164, 183, 185, 191, 193;
  • H. Schokking, De leertucht enz. (Amsterdam 1902) 38;
  • E. Meiners, Oostvrieschlandts Kerkel. Gesch. (Gron. 1739) II, 44-46;
  • J. Reitsma, Oostergo (Ljouwert 1888) 267;
  • J. Reitsma, Honderd jaren uit de Gesch. der Herv..... in Friesland (Ljouwert. 1876) register.