Jonathan Strahan

(Trochferwiisd fan The Coode Street Press)

Jonathan Strahan (Belfast, 1964) is in yn Noard-Ierlân berne Australyske redakteur fan blomlêzings en tydskriften op it mêd fan science fiction- en fantasyliteratuer. Ek wied er aktyf as útjouwer. Hy hat mei syn wurk in protte prizen en nominaasjes yn 'e wacht sleept.

Jonathan Strahan
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jonathan Strahan
nasjonaliteit Austraalje
berne 1964
berteplak Belfast (Noard-Ierlân)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
berop/amt redakteur, útjouwer
aktyf as blogger
jierren aktyf 1991 – no
prizen World Fantasy Award
Locus Award
Aurealis Award
offisjele webside
jonathanstrahan.com.au

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Strahan waard yn 1964 berne yn it Noardierske Belfast. Yn 1968, doe't er fjouwer jier wie, emigrearren syn âldelju mei him nei Austraalje, dêr't er opgroeide yn Perth, de haadstêd fan West-Austraalje. Yn 1986 studearre er mei in bachelorgraad yn 'e skiene keunsten ôf oan 'e Universiteit fan West-Austraalje.

Yn 1990 rjochte Strahan yn 'e mande mei û.o. Jeremy G. Byrne it tydskrift Eidolon op, dat as ûndertitel hie The Journal of Australian Science Fiction and Fantasy. Oant 1999 wied er dêr as ien fan 'e redakteurs en ien fan 'e útjouwers by belutsen. Hy wie ek ien fan de eigners fan útjouwerij Eidolon Books. Yn dy hoedanichheid wied er as boekeredakteur behelle yn 'e útjefte fan The Secret Life of Rubber-Suit Monsters fan Robin Pen, Going Home Again fan Howard Waldrop, The Thorn Boy fan Storm Constantine en Blackwater Days fan Terry Dowling.

Fan 1997 oant maart 1998, doe't er weromkearde nei Austraalje, wurke Strahan as redakteur en resinsint yn Oakland (Kalifornje) foar it Amerikaanske tydskrift Locus. Begjin 1999 kaam er dêr wer te wurkjen, hoewol't er yn Austraalje wenjen bleau. Datselde jiers rjochte er de útjouwerij The Coode Street Press op, dy't ien edysje fan it tydskrift The Coode Street Review of Science Fiction publisearre (dat gjin súkses waard), en teffens Antique Futures fan Terry Dowling. Fan dy tiid ôf liedt it bedriuw in sliepend bestean. Sûnt 2010 presintearret Strahan fia it ynternet, tegearre mei Gary K. Wolfe, de bekroande Coode Street Podcast.

Yn jannewaris 2002 waard Strahan by Locus promovearre ta redakteur mei tafersjoch oer alle resinsjes. Behalven yn Locus publisearre er ek literatuerkritiken yn Eidolon, Eidolon: SF Online en Foundation. Dêrnjonken wurket Strahan as redakteur fan (anno 2020 sa'n 60) blomlêzings en ferhalebondels fan science fiction- en fantasy-ferhalen, dy't publisearre binne yn Austraalje en/of de Feriene Steaten. Dêrfoar hat er in World Fantasy Award wûn, 3 Locus Awards en 7 Aurealis Awards. Fierders is er nominearre foar 62 Locus Awards, 23 Aurealis Awards, 17 Hugo Awards, 6 World Fantasy Awards, in British Science Fiction Association Award en de Philip K. Dick Award. Ek hat er 6 kear de Ditmar Award fan 'e Australyske Nasjonale Science Fiction Konvinsje wûn.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn 1999 troude Strahan mei de eardere Locus-redaktrise Marianne S. Jablon. Se wenje yn Perth en hawwe twa dochters, Jessica en Sophie.

gearstalde blomlêzings
  • 1997 – The Year’s Best Australian Science Fiction and Fantasy, Vol. 1 (mei Jeremy G. Byrne)
  • 1998 – The Year’s Best Australian Science Fiction and Fantasy, Vol. 2 (mei Jeremy G. Byrne)
  • 2004 – Science Fiction: Best of 2003 (mei Karen Haber)
  • 2004 – The Locus Awards: Thirty Years of the Best in Fantasy and Science Fiction (mei Charles N. Brown)
  • 2004 – Best Short Novels: 2004
  • 2005 – Science Fiction: Best of 2004 (mei Karen Haber)
  • 2005 – Fantasy: Best of 2004 (mei Karen Haber)
  • 2005 – Best Short Novels: 2005
  • 2006 – Best Short Novels: 2006
  • 2006 – Science Fiction: The Very Best of 2005
  • 2006 – Fantasy: The Very Best of 2005
  • 2006 – Eidolon 1 (mei Jeremy G. Byrne)
  • 2007 – The Jack Vance Treasury (mei Terry Dowling)
  • 2007 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 1
  • 2007 – Best Short Novels: 2007
  • 2007 – The New Space Opera (mei Gardner Dozois)
  • 2007 – Ascendancies: The Best of Bruce Sterling
  • 2007 – Eclipse: New Science Fiction and Fantasy
  • 2008 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 2
  • 2008 – The Starry Rift
  • 2008 – The Jack Vance Reader (mei Terry Dowling)
  • 2008 – Eclipse 2
  • 2009 – Wild Thyme, Green Magic: Stories by Jack Vance (mei Terry Dowling)
  • 2009 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 3
  • 2009 – The New Space Opera 2 (mei Gardner Dozois)
  • 2009 – Eclipse 3
  • 2010 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 4
  • 2010 – Mirror Kingdoms: The Best of Peter S. Beagle
  • 2010 – Fritz Leiber: Selected Stories (mei Charles N. Brown)
  • 2010 – The Green Leopard Plague and Other Stories (mei Walter Jon Williams)
  • 2010 – Subterranean Online, Spring Issue
  • 2010 – Hard Luck Diggings: The Early Jack Vance (mei Terry Dowling)
  • 2010 – Legends of Australian Fantasy (mei Jack Dann)
  • 2010 – Wings of Fire (mei Marianne S. Jablon)
  • 2010 – Swords and Dark Magic (mei Lou Anders)
  • 2010 – The Best of Kim Stanley Robinson
  • 2010 – Godlike Machines
  • 2010 – The Best of Larry Niven
  • 2010 – Engineering Infinity
  • 2011 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 5
  • 2011 – Life on Mars: Tales from the New Frontier
  • 2012 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 6
  • 2012 – Eclipse 4
  • 2012 – Edge of Infinity
  • 2012 – Under My Hat: Tales from the Cauldron
  • 2013 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 7
  • 2013 – Fearsome Journeys
  • 2014 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 8
  • 2014 – Reach for Infinity
  • 2014 – Fearsome Magics
  • 2015 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 9
  • 2016 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 10
  • 2016 – Drowned Worlds
  • 2016 – Meeting Infinity
  • 2017 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 11
  • 2017 – Bridging Infinity
  • 2018 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 12
  • 2018 – Infinity Wars
  • 2019 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 13
  • 2019 – Infinity's End
  • 2019 – Mission: Critical

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
jier priis resultaat kategory foar
1992 Ditmar Award wûn bêste fanzine (mei Jeremy G. Byrne, Robin Pen,
Richard Scriven en Chris Stronach)
Eidolon
1993 Ditmar Award wûn bêste tydskrift (mei Jeremy G. Byrne, Robin Pen,
Richard Scriven, Chris Stronach en Keira McKenzie)
Eidolon
1996 Ditmar Award wûn bêste publikaasje/fanzine (mei Jeremy G. Byrne
en Richard Scriven)
Eidolon
1999 Ditmar Award nominearre bêste Australyske tydskrift of blomlêzing
(mei Jeremy G. Byrne en Richard Scriven)
Eidolon
nominearre William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje resinsjes yn Locus
2000 Ditmar Award nominearre bêste fanproduksje (mei Steven Paulsen) The Coode Street Review of Science Fiction
nominearre William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje
(mei Steven Paulsen)
The Coode Street Review of Science Fiction
nominearre William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje resinsjes yn Locus
2001 Ditmar Award nominearre William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje resinsjes yn Locus
2003 Ditmar Award nominearre bêste Australyske fanzineskriuwer n.f.t.
wûn William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje ferskate resinsjes
wûn bêste Australyske profesjonele prestaasje n.f.t.
2004 Ditmar Award nominearre William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje ferskate resinsjes
2005 Ditmar Award nominearre bêste profesjonele prestaasje n.f.t.
Locus Award 3e plak bêste blomlêzing (mei Charles N. Brown) The Locus Awards: Thirty Years of the Best Science Fiction and Fantasy
Peter McNamara Award wûn bêste professional yn Australyske science fiction oeuvre
2006 Ditmar Award nominearre bêste profesjonele prestaasje Best Short Novels: 2005
Science Fiction: Best of 2004
Fantasy: Best of 2004
2007 Ditmar Award nominearre bêste sammele wurk (mei Jeremy Byrne) Eidolon 1
2008 Ditmar Award nominearre William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje wurd foarôf yn The New Space Opera
nominearre bêste profesjonele prestaasje (mei Garth Nix,
Deborah Biancotti en Trevor Stafford)
gearstallen en promoatsjen fan 'e Australian Fantasy and SF Catalogue
nominearre bêste profesjonele prestaasje The Jack Vance Treasury
The Best Science Fiction & Fantasy of the Year
Best Short Novels of 2007
wûn bêste sammele wurk (mei Gardner Dozois) The New Space Opera
Hugo Award nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
Locus Award wûn bêste blomlêzing (mei Gardner Dozois) The New Space Opera
2009 Aurealis Award wûn bêste blomlêzing The Starry Rift
Ditmar Award nominearre bêste sammele wurk The Starry Rift
Hugo Award nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
2010 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing (mei Gardner Dozois) The New Space Opera 2
nominearre bêste blomlêzing Eclipse 2
wûn bêste blomlêzing Eclipse 3
Ditmar Award nominearre bêste sammele wurk (mei Gardner Dozois) The New Space Opera 2
nominearre bêste sammele wurk Eclipse 3
Hugo Award nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
Locus Award 3e plak bêste redakteur n.f.t.
wûn bêste blomlêzing (mei Gardner Dozois) The New Space Opera 2
World Fantasy Award nominearre bêste blomlêzing Eclipse 3
wûn spesjale priis: bêste professional redaksje fan blomlêzings en tydskriften
2011 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing Godlike Machines
wûn bêste blomlêzing (mei Marianne S. Jablon) Wings of Fire
British Science Fiction Association Award nominearre bêste non-fiksje (mei Gary K. Wolfe) Notes from Coode Street Podcast
Ditmar Award nominearre bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
Hugo Award nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
Locus Award 3e plak bêste blomlêzing (mei Lou Anders) Swords & Dark Magic
2e plak bêste redakteur n.f.t.
World Fantasy Award nominearre bêste blomlêzing (mei Lou Anders) Sword & Dark Magic
2012 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 5
nominearre bêste blomlêzing Life on Mars: Tales of the New Frontier
Ditmar Award nominearre bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
Hugo Award nominearre bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
Locus Award 3e plak bêste blomlêzing Engineering Infinity
nominearre bêste redakteur n.f.t.
2013 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing Edge of Infinity
nominearre bêste blomlêzing Under My Hat: Tales from the Cauldron
wûn bêste blomlêzing The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 6
Ditmar Award nominearre bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe]) The Coode Street Podcast
Hugo Award nominearre bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
Locus Award 2e plak bêste redakteur n.f.t.
wûn bêste blomlêzing Edge of Infinity
World Fantasy Award nominearre bêste blomlêzing Under My Hat: Tales from the Cauldron
2014 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 7
Ditmar Award nominearre bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
Hugo Award nominearre bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
World Fantasy Award nominearre bêste blomlêzing Fearsome Journeys
2015 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing Fearsome Magics: The New Solaris Book of Fantasy 2
nominearre bêste blomlêzing Reach for Infinity
Locus Award nominearre bêste blomlêzing Reach for Infinity
nominearre bêste redakteur n.f.t.
Philip K. Dick Award finalist n.f.t. Reach for Infinity
2016 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 9
nominearre bêste blomlêzing Meeting Infinity
Ditmar Award nominearre bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
2017 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 10
Ditmar Award nominearre bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
Hugo Award nominearre bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
Locus Award 2e plak bêste redakteur n.f.t.
2018 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 11
wûn bêste blomlêzing Infinity Wars
Hugo Award nominearre bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
Locus Award 3e plak bêste redakteur n.f.t.
2e plak bêste blomlêzing Infinity Wars
2019 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing Infinity's End
wûn bêste blomlêzing The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 12
Hugo Award nominearre bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
Locus Award 3e plak bêste blomlêzing Infinity's End
3e plak bêste redakteur n.f.t.
2020 Aurealis Award nominearre bêste blomlêzing The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 13
wûn bêste blomlêzing Mission Critical
Hugo Award nominearre bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast
nominearre bêste redakteur fan koarte fiksje n.f.t.
Locus Award 2e plak bêste redakteur n.f.t.
World Fantasy Award nominearre spesjale priis: non-professional (mei Gary K. Wolfe) The Coode Street Podcast

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.