De Thiarchiastins en Camminghastins wienen stinzen yn Blije yn de gemeente Ferwerderadiel. Fan de stinzen is neat werom te finen.

Wannear't de stinzen boud binne is net bekend. Yn Blije wurde yn de Abtelibbens fan Mariëngaarde yn de 12e en 13e iuw ferskate edele en oansjenlike leken neamd, dêr't it wenplak net fan te bepalen is. Sa troude Menold Thiarchia oan de ein fan de 12e iuw mei in dochter Rembrechta fan de Rembrechtastins yn Marrum.

Twa bruorren, Asego en Kampo fan Blije, dy't yn de lettere historiografy as Cammingha's beskôge waarden, libben oan it begjin fan de 12e iuw. Harren neiteam en sibben wurde as "nobiles" oantsjutten, se wienen belutsen by feten, en se gienen op pylgerreis nei it Hillige lân en nei Santiago. Abt Sibrandus fan Mariengaarde (1230-1238) hearde ta dizze famylje. Neffens de tradysjes stammen de Cammingha's fan Camminghabuorren by Ljouwert ôf fan de Blijer Cammingha's; mooglik wie der ek in relaasje mei Camminghastate yn Ferwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: