Tietse Pieter Sevensma

Tietse Pieter Sevensma (Snits, 22 july 1879 - Hilfertsom, 30 juny 1966) wie in Nederlânsk bibletekaris, auteur en redakteur.

T.P. Sevensma (1924)

Tietse wie de soan fan Pieter Sevensma en Anna Osinga. Syn heit wie direkteur fan in ûndernimming dy't boattsjinsten ûnderhâlde tusken Amsterdam, Rotterdam en Snits.

Yn it earstoan woe Tietse meniste predikant wurde, dat hy studearre teology oan de Universiteit fan Amsterdam en oan it Doopsgesind Seminary. Hy krige dêr skeel mei it bestjoer en besleat om gjin predikant te wurden. Hy makke syn stúdzje wol ôf en yn 1908 promovearre er op in teologysk-argeologysk proefskrift: De Ark Gods: Het Oud-Israelitische Heidendom.

Nei 1908 joech er de teology deroan en wie wilens in stúdzje Steatswittenskippen begûn, dy't er ek ôfmakke. Wilens wie er konservator by de Amsterdamske Universiteitsbibleteek wurden dêr't er dwaande wie mei in katalogus fan hânskriften. By gelegenheid fan de yn 1911 holden Tentoonstelling van het Boek publisearre er de Catalogus van boeken in Noord-Nederland verschenen van den vroegsten tijd tot op heden. Yn 1912 wie er mei-oprjochter fan de Nederlânske Feriening fan Bibletekarissen, dêr't er ek foarsitter fa wurde soe oant 1923.

Yn 1914 troude er mei Margaretha Wijbrandi dêr't er trije bern by krige. Itselde jier moast er yn Rotterdam de bibleteek fan de Hannelshegeskoalle ynrjochtsje. Yn 1916 moast Sevensma as direkteur, de Iepenbiere Lêsseal en Bibleteek fan Amsterdam fan de grûn ôf opbouwe. Yn 1924 waard er teffens direkteur fan de Amsterdamske Universiteitsbibleteek en yn 1928 bibliotekaris fan it Folkebûn. John D. Rockefeller hie yn 1927 ommers 2 miljoen dollar skonken oan de Folkebûn om sa'n soarte bibleteek op te setten yn Genève. Yn 1929 waard er sekretaris-generaal fan de International Federation of Library Associations (IFLA), in funksje dy't er oant 1958 besette.
Yn 1938 nimt Sevensma de funksje fan bibletekaris fan de bibleteek fan de Ryksuniversiteit Leien oan. Hjir moast in nij gebou ûntwurpen wurde. Ek hat er de Bibliotheca Neerlandica Manuscripta oankocht, in grut tal oer de hiele wrâld fersprate Midnederlânske hânskriften. Yn de Twadde Wrâldkriich besocht de besetter, troch in saneamde ruloerienkomst, kostbere manuskripten yn hannen te krijen. Sevensma hie dat troch en koe dat keare. Yn 1940 al hat Sevensma, op foarskrift fan 'e Dútske besetter, de twa joadske personielsleden fan 'e Leidse biblioteek dien jûn.[1] Beiden hawwe de oarloch net oerlibbe.

Yn 1945 stoar syn frou. Sevensma troude opnij, mar dit houlik einige yn in skieding. Sevensma hat noch redaksjewurk foar de Zoek-licht-ensyclopedy dien, mar om 1960 hinne loek er him út it iepenbiere libben werom. Hy gie út Oegstgeest wei, dêr't er doe wenne, hâlde noch in skoft yn pensjons yn Hilfertsom ta en stoar dêre yn 1966.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Een zwarte bladzijde uit de geschiedenis van de UB Leiden (2003)