Timpel (natoerreligyen)

Timpels of oare godshuzen wurde yn 'e measte natoerreligyen net brûkt. Yn sokke godstsjinsten wurde earetsjinsten gewoan yn 'e iepen loft holden, of yn 'e hûs of yn in tinte. Dat wol lykwols net sizze dat timpels yn natoerreligyen alhiel net foarkomme.

Sa bouden de Maya's, fan súdlik Meksiko, Gûatemala en Belize, en de Azteken fan sintraal Meksiko, foar't se yn kontakt kamen mei de Jeropeänen, ûntsachlike piramiden en grutte timpels, dy't sjoen waarden as stylearre foarmen fan hillige bergen. En by de folken fan 'e Pûeblo-kultuer fan it Amerikaanske Súdwesten (de Tiwa, Tewa, Towa, Kerresan, Hopy en Sûny) wie it sintrum fan it doarp, sawol boukundich as religieus, de kiva, in spesjaal fertrek foar yndividuële en mienskiplike religieuze rituëlen.

Op 'e Hawaï-eilannen waarden timpels, of heiau, boud fan lavastien. Fierwei de measte wiene wijd oan 'e rein- en fruchtberensgod Lono of oan 'e oarlochsgod Kukailimoku. Yn 'e timpels stiene û.m. houtene godsbylden dy't ki‘i neamd waarden. Mear nei it suden ta, op Tahity, waarden de goaden oanbean yn iepenlofttimpels, besteande út rjochthoekige pleinen mei in piramidefoarmich platfoarm, dy't marae neamd waarden. Der waarden û.m. feesten, spirituële seremoanjes, dûnsen, muzykútfierings en offerrituëlen holden. Alle marae fan Tahity en de measte heiau fan Hawaï waarden neitiid ferneatige troch warbere Westerske sindelingen, dy't fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ôf de eilannen fan 'e Stille Súdsee berikten.

De Navaho, út 'e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Arizona, bouwe gjin timpels, mar hawwe in hiel aparte manear ûntwikkele om mei de goaden te kommunisearjen, nammentlik troch it meitsjen fan saneamde sântekenings. Dat binne tydlike 'skilderijen' fan drûge en mealde materialen, dy't binnendoar op 'e flier makke wurde. Se byldzje it Hillige Folk út en tsjinje as alter. De Navaho beskikke oer in repertoir fan mear as achthûndert ferskillende, minusjeus fêststelde sântekenings, elk ferbûn mei beskate hillige lieten, gebedens en seremoanjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bendure, G., en Friary, N., Hawaii, Hawthorn, 1997.
  • Borsboom, A., en Ploeg, A., Stille Zuidzee, Amsterdam/De Haach, 1992.
  • Brosnahan, T., en Keller, N., Guatamala, Belize & Yucatán: La Ruta Maya, Hawthorn, 1997.
  • Collins, R., red., Indianen - De Oorspronkelijke Bewoners van Noord-Amerika, Amsterdam, 1995.
  • Fuentes, C., De Spaanse Erfenis: Vijf Eeuwen Spaanse Invloeden in Latijns Amerika, Houten, 1992.
  • Noble, J., et al., Mexico, Hawthorn, 1998.
  • Rachowiecki, R., Southwest USA: Arizona, New Mexico, Utah, Hawthorn, 1995.
  • Wheeler, T., en Carillet, J.B., Tahiti & French Polynesia, Hawthorn, 1997.
  • Wood, M., Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert, 1993.
  • Wouters, H., Volken en Stammen: Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.