Tjeerd Ritskes Velstra
Tjeerd Ritskes Velstra (Lekkum, 10 novimber 1840 - Ljouwert, 8 maaie 1918) wie in Frysk heareboer, toanielskriuwer en dichter yn it Frysk.
Libben en wurk
bewurkje seksjeTjeerd Velstra wie in soan fan skoalmaster Ritske Velstra dy't yn 1844 feehâlder ûnder Jelsum waard. Tjeerd Velstra buorke nei syn trouwen earst op Skinkeskâns ûnder Deinum en letter hied er in pleats tusken Marsum en Ljouwert.
Velstra wie yn de jierren 80 en 90 fan de 19e iuw ferneamd troch syn moralistysk-romantyske toanielstikken dêr't leafst 31 fan opfierd waarden troch it Ljouwerter Toanielselskip. In soad fan syn wurk ferskynde yn de Rimen en Teltsjes (1906 - 1911).
Oant 1880 dichte er ek, gedichten dêr't er de emoasje yn foar it sosjaal-realisme fan bygelyks it Winterjûnenocht oer sette. De toanielstikken It gouden kroantsje (1879), De twa ringen (1880) en Sjouke de Fries (1881) waarden bekroane troch it Frysk Selskip dat ek graach mear romantyk en gefoel op toaniel hawwe woe.
Velstra wie lid fan de gemeenteried fan Menameradiel, Provinsjale Steaten en bestjoerslid fan it Frysk Selskip fan 1879 - 1892.
Velstra wie teffens in leafhawwer fan hynders en de hurddraverij. Hy sette him yn foar it befoarderjen fan de hynstesport. Mei syn merje Sophie wûn er tal fan prizen, in Gouden Swipe en sulveren teeservizen.
Tjeerd Ritskes Velstra wenne yn Ljouwert yn de filla Baensein, dy't er yn 1885 sette litten hie, oan de Marsumerdyk. Yn 1905 ferhuze er nei de binnenstêd fan Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|