Tollina Schuurman

(Trochferwiisd fan Tollien Schuurman)

Tollina Wilhelmina (Tollien) Schuurman (Zorgvlied (Westerfjild), 20 jannewaris 1913 - Apeldoarn, 29 jannewaris 1994) wie in Nederlânsk atlete. Se wie yn de jierren tritich ien fan de rapste froulju fan de wrâld en rûn yn 1932 as earste de 100 m yn de 12 sekonden. Schuurman die ienkear mei oan de Olympyske Spullen. Se wie dêrmei de earste Friezinne op de Olympyske Spullen.

Tollina Schuurman
sporter
f.l.n.r. Tollien Schuurman, Cor Aalten, trainer Van der Putte, Bep du Mée en Jo Dalmolen
f.l.n.r. Tollien Schuurman, Cor Aalten, trainer Van der Putte, Bep du Mée en Jo Dalmolen
persoanlike bysûnderheden
bynamme de froulike Berger
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 20 jannewaris 1913
berteplak Zorgvlied (Westerfjild)
stjerdatum 29 jannewaris 1994
etnisiteit Frysk
lingte 1,75 m
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel sprint, fierspringen
trener Jan Britstra
earste titel Ned. kampioene 100 m 1930
O.S. Los Angeles 1932
ekstra Wrâldrekorhâldster 100 m 1930-1933, 200 m 1933-1935; Ned. rekordhâldster 100 m 1930-1939, 200 m 1930-1943, 4 x 100 m 1931-1936
Tollien Schuurman yn 1932

Gymnastyk as basis

bewurkje seksje

Tollien Schuurman waard berne yn Zorgvliet, har âldershûs stie oan de wei nei Wateren, mar se groeide op yn Rottefalle. Har heit wie dêr haad fan de legere skoalle. Se wie in sterk jongfaam en boppedat fluch. Sa fluch, dat se al gau lid waard fan de gymnastykferiening UDI út Drachten. Yn de wintermoannen waard turne en yn de simmermoanne die se oan atletyk.[1]

Yn 1930 rûn Schuurman as 17-jierrige op De Jouwer in Nederlânsk rekord op de 100 m. Letter dat jier belike se it wrâldrekord fan 12,0 sekonden fan de Kanadeeske Mirtle Cook ( Halfax 02-07-1928), in sensasjonele prestaasje foar in famke fan dy leeftiid. It earste wrâldrekord fan 11,9 op 5 juny 1932 te Haarlim op de gersbaan oan de Kleverleane wie in rêchwyn tiid. Mar in wike letter, op 13 juny 1932 rûn se yn it Olympysk Stadion fan Amsterdam wer 11,9 sek., dat wol erkend waard as WR. SE hat yn de dêrop folgjende jierren teminsten 7 kear dizze 11,9 rûn. De lêste kear yn Hilfertsom op 1 juny 1934. By de froulju Wrâld Spullen fan 1930 yn Praach helle Tollien Schuurman twadde plakken op de 100 en 200 m yn 12,6 en 25,8.[1]

Net erkend waard har wrâldrekordprestaasje fan 11,2 op de 100 yards út 1931. It frouljusbûn, Féderation Sportive Féminime Internationale (FSFI) dy't neist de IAAF as apart bûn operearde, erkende allinnich wrâldrekords op meterôfstannen.[1] Schuurman wie de foarrinster fan Fanny Blankers-Koen op de sprintnûmers en krige de bynamme 'de froulike Berger.[1]

By de Olympyske Spullen fan 1932 yn Los Angeles wurdt in soad fan har ferwachte. Mar mentaal is se net yn topkondysje. Inkele dagen foardat se ôfset is har trainster Jan Bitstra ('Myn steun en taflecht') troch de KNAU oan de kant skood. De gebrekkige begelieding brekt de ûnbewende sprintster op. Neist in destiids net oer te kommen froulik ûngemak wie er noch in reden dat it net goed gean soe. De baan yn LA wie in reade gravelbaan mei in soad klaai deryn ferwurke. Dus by drûch waar spikerhurd. Britstra wie der net by en de froulju rûnen op spikes mei lange punten. Soks wie foar de Nederlânske gersbanen prima, mar net foar LA. En nimmen fan de trainers/begelieders kaam op it idee om dy punten lâns de slypstien te heljen. De earste searje wint se noch, mar yn de heale finale giet it mis. Se makket in falske start en alle selsbetrouwen is fuort. Tollien Schuurman wurdt tredde; gjin finaleplak. En dus gjin Olympysk goud.

De Nederlânske estafetteploech wurdt fjirde yn Los Angeles, sûnder in offisjele tiid. Trainer Van der Putte klokt 48,3 sec. Oer it ferrin fan de wedstriid skriuwt Van der Putte: Mej. Dalmolen starte foar Hollân, se die alles wat se koe, mar koe net ferhinderje dat se gau in soad terrein ferlear; har wiksel mei Mej. du Mée wie net bûtengewoan goed. Mej. du Mée rûn foar wat se wurdich wie en joech in treflike wiksel oan Mej. Aalten oer; neidat ek dizze lêste alles besocht hie om de efterstân sa lyts mooglik te meitsjen, moast hja wikselje mei Mej. Schuurman. Dy makke lykwols de fout fan te let te starten, sadat Mej. Aalten neist har kaam te rinnen. Neidat Mej. Schuurman de stok ienris fêst hie, gie se wer goed en rûn op har tsjinstansters yn .....

Werom yn Nederlân traint se hurd foar de folgjende Spullen yn 1936 yn Berlyn. In medalje kin har eins net ûntgean. At yn 1933 Hitler oan de macht komt, komme by Schuurman-thús de ynternasjonale ûntwikkelingen op it aljemint. Thús wurdt in soad praten oer polityk. Har âlden binne lid fan de sosjalistyske SDAP. Tollien herinnert har de gearkomsten dy't har mem thús foar de frouljusôfdieling organisearre. Dan sieten se by in breiwurkje oeren te praten oer de partij en wat der allegear yn de wrâld barde. 'Us bewustwurding fan polityk waard benammen troch ús heit stimulearre; ús pake wie ien fan de earste sosjalisten yn Frylân. Us heit en mem bediskusearren in soad mei ús oer hoe't it der yn Dútslân om en ta gie; oer de terreur fan de brúnhimden tsjin de joaden. Har SDAP-opfieding hat der holpen om it beslút te nimmen net nei Berlyn te gean, ûndanks druk san KNAU side.

Tollien Schuurman helle njoggen kear in Nederlânske titel, ferdield oer trije atletykûnderdielen: 100 m, 200 meter en fierspringen. Op de 100 en 200 m wie hja boppedat jierrenlang hâldster fan it nasjonale rekord. It wie op it lêst Fanny Blankers-Koen dy't har tiden út de rekordboeken skrasse soe. Ek wie se njoggen kear belutsen by de ferbettering fan it nasjonale rekord op de 4 x 100 m estafette. Yn 1931 liet se op dit nûmer tegearre mei Cor Aalten, Bep du Mée en Lies Aengenendt de klokken stilstean op 49,8 s. In jier letter skerpe se dit rekord fierder mei oan ta 49,4, tegearre mei Cor Aalten, Bep du Mée en Jo Dalmolen. Dit lêste rekord hâlde stân oant 1936, doe't in team mei in jonge Fanny Koen yn de gelederen presys in sekonde hurder rûn.

Fierspringe die Tollien Schuurman ek: se hat op in NK 5,27 m sprongen, mar har PR is fierder.

Prinsipiële wegering

bewurkje seksje

Mar as Hitler witte lit dat der yn Berlyn gjin joaden meidwaan meie, is dat foar Tollien de drip dy't de amer oerrinnen docht. De Olympyske Spullen wienen ommers krekt ynsteld om feriening ta stân te bringen. 'Ik rin net foar Hitler en syn trawanten. Ik gean net mei nei Berlyn. Minsklike aspekten moatte net skieden wurde fan de sport,' ferdigent se har foar de parse oer lykas kranten as De Telegraaf, dy't negatyf berjochtet oer har wegering en fûn dat de atlete de polityk bûten de sport hâlde moast. Troch it ôfsizzen fan Tollien Schuurman krige de 18-jierrige Fanny Koen de kâns ynternasjonaal te debutearjen.

Fan ferdrinkingsdea rêden

bewurkje seksje

De Spullen fan 1948 kamen foar Schuurman te let; se wurke wyls as toskedokter-assistinte en hie letter in pedikuerepraktyk. Dêrneist wie se sporttrainster. Yn de simmer fan dat jier rêde se it libben fan twa famkes dy't drigen te ferdrinken foar de kust fan Flylân.

Tollien Schuurman bleau net-troud. Hja ferstoar yn 1994 op 81-jierrige leeftiid. De atletykferiening Impala yn Drachten hat it pleatslike atletykkompleks nei har neamd.

Nasjonale kampioenskippen

bewurkje seksje
Underdiel jier
100 m 1930, 1931, 1933, 1934
200 m 1931, 1933, 1934
fierspringen 1933, 1934

Persoanlike rekords

bewurkje seksje
Underdiel Prestaasje Datum Plak
100 m 11,9 s 5 juny 1932 Haarlim
200 m 24,6 s 13 augustus 1933 Schaarbeek

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Ut Tollien Schuurman: in hiele grutte, publisearre yn 1870 – 2000, 130 jier atletyk yn Nederlân troch Aad Heere en Bart Kappenburg, boarne: sjoch hjirboppe