Topkapi Films is in Nederlânske filmstudio en tillefyzjestudio, dy't spylfilms, tillefyzjesearjes en dokumintêres produsearret foar de Nederlânske, mar fral ek foar de ynternasjonale merk. It bedriuw waard yn 2011 oprjochte en komt úteinlik fuort út 'e fúzje fan Motel Films en IDTV. De algemien direkteur is Frans van Gestel, wylst Robert Oey oan it haad stiet fan 'e dokumintêreprodusearjende difyzje. It haadkertier fan Topkapi Films is fêstige yn Amsterdam.

Topkapi Films
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor filmstudio
fêstige yn Amsterdam (Noard-Hollân)
oprjochte 2011
fuortk. út Motel Films
IDTV
offisjele webside
www.topkapifilms.nl

Topkapi fersoarge it Nederlânske oandiel oan 'e BBC-tillefyzjesearje Killing Eve en ûntwikkele fierders de VPRO-rige Missie Aarde. Op it mêd fan films produsearre de studio û.o. Alles is Familie (2012), Bloedlink (2014) en it rezjydebút fan Halina Reijn, Instinct (2019). Oan 'e Deenske film Druk, dy't yn 2021 de Oscar wûn yn 'e kategory Bêste Bûtenlânske Film, hie Topkapi yn ko-produksje meiwurke.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Films Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.