Tori Bowie
Frentorish (Tori) Bowie (Sand Hill, Mississippi, 27 augustus 1990 - Winter Garden, Floarida, 23 april 2023) wie in Amerikaansk atlete, dy't útkaam op de sprint en it fierspringen. Sy had ienris meidien oan de Olympyske Simmerspullen en had doe trije medailjes wûn.
Tori Bowie | ||
sporter | ||
Tori Bowie (2015) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Frentorish Bowie | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 27 augustus 1990 | |
berteplak | Sand Hill | |
stjerdatum | 23 april 2023 | |
stjerplak | Winter Garden | |
lingte | 1.75 m | |
gewicht | 58 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | sprinten, fierspringe | |
trener | Lance Brauman | |
earste titel | Amerikaanske kampioenskippen, 2015, 100 m | |
O.S. | Rio de Janeiro 2016 | |
debút | 2014 | |
karriêre-ein | 2022 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 2016 1x sulver Olympyske Spullen 2016 1x brûns Olympyske Spullen 2016, 2x goud Wrâldkampioenskippen 2017 1x brûns Wrâldkampioenskippen 2015 |
Karriêre
bewurkje seksjeBy har ynternasjonale debút, op de wrâldindoorkampioenskippen yn 2014 yn Seoel, einige Bowie as trettjinde en lêste yn de kwalifikaasje fan it ferspringen. Yn de simmer fan 2014 bruts de Amerikaanske troch op de 100 en de 200 m mei fjouwer Diamond League oerwinningen, trije op de 100 meter en ien op de 200 m.
Yn 2015 behele Bowie by de wrâldkampioenskippen yn Peking mei in tiid fan 10,86 wûn se in brûnzen medalje op de 100 meter sy finishte efter de Jamaikaanske Shelly-Ann Fraser-Pryce (goud; 10,76) en de Nederlânske Dafne Schippers (sulver; 10,81).
In jier letter helle Bowie op de Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro in sulveren medalje op de 100 meter, brûns op de 200 meter, en in gouden gouden gouden medalje op de 4 x 100 m estafette. Tegearre mei Tianna Bartovimber, Allyson Felix en English Gardner.
Yn 2017 wûn se in gouden medalje op de 100 meter by de Wrâldkampioenskippen yn Londen, Foar de Ivoriaanske Josée Ta Lou (sulver; 10,86) en de Nederlânske Dafne Schippers (brûns; 10,96).
Tori Bowie ferstoar op 23 april 2023, yn 'e aldens fan 32 jier, yn it kreambêd nei komplikaasjes by de befalling.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|