Anton Tsjechov
Anton Pavlovitsj Tsjechov (Russysk: Антон Павлович Чехов) (Taganrog, 29 jannewaris 1860 – Badenweiler, 15 july 1904) wie in Russyske skriuwer, foaral fan toanielstikken koarte ferhalen en dokter. Yn 't earstoan brûkt er it pseudonym Antosja Tsjechonte, mar dat hat net lang duorre.
Tsjechov is de earste skriuwer dy't yn syn ferhalen ienheid fan tiid en plak tapast. (Gjin wiidweidige útlis fan hoe't alles kommen is sa't it kommen is). Hy hat hûnderten ferhalen skreaun.
Tsjechov is ek de earste Russyske skriuwer fan in psychologyske-detective: 'Drama op de jacht'.
Biografy
bewurkje seksjeAnton Pavlovitsj Tsjechov waard berne yn Taganrog, in havenstêd oan de See fan Azov yn Súd-Ruslân, as tredde soan fan in winkelman. Yn 1876 flechtet syn heit foar skuldeaskers nei Moskou. Anton bliuwt yn Taganrog om it gymnasium ôf te meitsjen. Trije jier letter foeget de jonge Tsjechov him by syn famylje yn Moskou en begjint oan de stúdzje medisinen. Yn 1884 wurdt er dokter en begjint er in eigen praktyk, dêr't er lykwols trije jier letter mei ophâld om him hielendal oan de skriuwerij wijdzje te kinnen.
Troch syn stúdzje en letter as dokter sjocht Tsjechov allerhanne minsklike ellende, sykte en dea, ûnderfinings dy't syn witten fan de minsklike psyche fergrutsje en dy't letter ek syn ferhalen ferrykje.
Yn 1890 reizget Tsjechov nei it ferbanningseilân Sachalin, dêr't in strafkoloanje is. In jier letter organisearret Tsjechov in helpferlieningsaksje om de hongersneed ûnder earme boeren te bestriden. Ek is er warber by it bestriden fan in goalera-epidemy (1892). Yn 1897 oppenearret de tuberkuloaze him. Tsjechov keapet in bûtenpleats by Jalta op de Krim (1898), dêr't er ûnder oaren Lev Tolstoj en Maxim Gorki moetet.
Tsjechov trout in 1901 mei de suksesfolle Russyske aktrise Olga Knipper, dy't earder ek al yn syn toanielstikken aktearre (Omke Vanja, De Trije Susters).
Yn 1903 giet syn sûnens hurd efterút. Hy skriuwt net folle mear, allinnich De Kjersetún krijt er noch dien. Yn 1904 giet er nei it Dútske kueroard Badenweiler dêr't er komt te ferstjerren oan de gefolgen fan tuberkuloaze. In wike letter komt it stoflik omskot yn Moskou oan. It lyk waard ferfierd yn in frachtwagon yn in kist mei it opskrift: Farske oesters.
Wurk
bewurkje seksje- Ferheljend proaza: Tsjechov kreau hast 300 ferhalen tusken 1880 en 1903; meast koarte ferhalen, mar guonts binne lang genôch om novelle of roman neamd te wurden. Bekende titels yn it Nederlânsk:
- De holle spiegel (1883)
- De Zweedse lucifer (1883)
- De afgevaardige, of hoe Desdemonov 25 roebel kwijtraakte (1883)
- Perpetuum mobile (1884)
- Oesters (1884)
- Twee brieven (1884)
- De puitaal (1885)
- De intelligente botterik (1885)
- Uit de herinneringen van een idealist (1885)
- Het drama op de jacht (1885, roman)
- De redekunstenaar (1886)
- De dames (1886)
- Voortreffelijke mensen (1886)
- De overtolligen (1886)
- Vijanden (1887)
- Uit het dagboek van een opvliegend mens (1887)
- De weddenschap (1888)
- Een trieste geschiedenis (1889)
- Paardendieven (1890)
- Het duel (1891)
- Mijn vrouw (1892)
- Zaal No. 6 (1892)
- Het verhaal van een onbekende (1893, novelle)
- Wolodja de grote en Wolodja de kleine (1893)
- De zwarte monnik (1894)
- Vrouwenheerschappij (1894)
- De viool van Rotschild (1894)
- Witkopje (1895)
- Anna om de hals (1895)
- Mijn leven (1896, novelle)
- De boeren (1897)
- Een man in het foedraal (1898)
- Kruisbessen (1898)
- De dame met het hondje (1899)
- In het ravijn (1900)
- De bisschop (1902)
- Drama
- Fjouwerakters
- Ivanov (1887-'89)
- De meeuw (1896)
- Oom Wanja (1897)
- Drie zusters (1900-'01)
- De kersentuin (1903-'04)
- Ienakters
- Langs de grote weg (1885)
- Een zwanenzang (1887-'88)
- De beer (1888)
- Het huwelijksaanzoek (1888-'89)
- De bruiloft (1889-'90)
- Een tragicus tegen wil en dank (1889-1990)
- Het jubileum (1891)
- Over de schadelijkheid van tabak (1902)
- Fjouwerakters
- Non-fiksje
- De reis naar Sachalin (1893-'94)
Trivia
bewurkje seksjeYn Hoerzoef op de Krim is in Tsjechovmuseum fêstige.
Tsjechovs toanielstikken wurde faak swiersettich en tragysk spile, wylst Tsjechov dat net sa bedoeld hie.
Yn 1988 hawwe Robert Long en Dimitri Frenkel Frank in musical makke oer it libben fan Tsjechov.
Literatuer en boarnen
bewurkje seksje- R. Hingley: De Russische roman, 1967, Antwerpen
- A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum
- Karel van het Reve: Geschiedenis van de Russische literatuur, 1985, Amsterdam
- E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utrecht
- Maarten Tengbergen: Klassieken van de Russische literatuur, 1991, Utert