Tsjerke fan Adorp
De Tsjerke fan Adorp is in 17e-iuwsk tsjerkegebou yn it Grinslânske Adorp. De tsjerke is sûnt 1979 in tsjerke fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De tsjerke wurdt troch de PKN noch jimmeroan brûkt as tsjerke, mar dêrnjonken is it gebou ek yn gebrûk foar eksposysjes, konserten en útfierings.
Tsjerke fan Adorp | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Adorp | |
adres | Torenweg | |
koördinaten | 53° 16' N 6° 32' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Dionysius | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw ferbouwing 1667 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7065 | |
Webside | ||
Side PKN Adorp-Wwetsinge-Sauwert | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarspronklike tsjerke wie neffens in pastoarssegel út 1409 in oan Dionysius wijd tsjerkegebou mei in toer. De âlde sealtektoer, dy't westlik fan 'e tsjerke stie en tsjin it ein fan 'e 18e iuw ôfbrutsen waard, wie frijsteand en tsjinne as wartoer foar de lokale befolking. Sûnt dy tiid hat de tsjerke in ienfâldige dakruter boppe de westlike gevel. Yn 'e 17e iuw waard de tsjerke ferboud, wêrtroch't alle midsiuwske skaaimerken fan de tsjerke ferlern gyngen en de noardlike en súdlike tagongen tichtmitsele waarden. By dy ferbouwing waard ek de mei bline nissen of finsters fersierde topgevel ôfbrutsen. Mooglik is yn 'e muorre noch in sakramintsnis bewarre bleaun. De tsjerke waard yn de 19e iuw bepleistere en yn dy tiid ferdwûnen ek de glês-yn-leadramen.
Ynterieur
bewurkje seksjeBy de ferbouwing fan 1667 waard it hjoeddeiske balkeplafond ynbrocht. De romaanske finsters waarden fergrutte en krigen glês-yn-leadramen. By dy ferbouwing krige de tsjerke ek de tsjintwurdige ynrjochting. Preekstoel, dooptún, tsjerkebanken, koerhek, offerblok en nachtmielstafel datearje allegear út dy tiid. De âldste grêfstien yn 'e tsjerke is fan Albert Koenders († 1561). Oare grêfstiennen binne 17e en 18e-iuwsk.
Yn de dakruter hinget in klok út 1618, dy't oarspronklik yn 'e toer fan 'e yn 1800 ôfbrutsen tsjerke fan Harssens hong en getten waard troch Henrick Wegewart .
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan 'e tsjerke waard yn 1899 boud troch Marten Eertman. Hy makke by de bou gebrûk fan 18e-iuwsk piipwurk. It fykwurk oan 'e oargelkas is ôfkomstich fan in 19e-iuwsk oargel. Yn 1915 ferfong Eertman de Roerfluit 4′ troch in Fluit Travers 4′. It ienmanualige oargel hat acht registers en in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|