Tsjerke fan Aldeholtwâlde

De Tsjerke fan Aldeholtwâlde is in protestantske tsjerke yn Aldeholtwâlde yn de gemeente Weststellingwerf. De PKN gemeente Ter Holten, dêr't ek de doarpen Ter Idzard en Aldeholtpea ûnder falle, is de eigner fan it gebou.

Tsjerke fan Aldeholtwâlde
bouwurk
Exterieur naar het zuiden - Oldeholtwolde - 20172449 - RCE.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Weststellingwerf wapen.svg Weststellingwerf
plak Aldeholtwâlde
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1875
arsjitekt F. Brouwer
boustyl Eklektisisme
monumintale status gemeentlik monumint
offisjele webside
PKN gemeente Ter Holten

SkiednisBewurkje

Yn de midsiuwen hie it Aldeholtwâlde op in oar plak al in eigen tsjerke. Dy stie yn it doedestiidske doarpssintrum oan de Weardyk, foar de yn 1972 ôfbrutsen herberge De Ooievaar oer. In stoarm skansearre de tsjerke sa slim, dat er net mear opboud waard. Tsjerklik waard Aldeholtwâlde fan ôf dy tiid yndield by Ter Idzard.

De feanôfgraverij yn de 19e iuw soarge foar in grutter ynwennertal fan Aldeholtwâlde en dat makke ek de bou fan in nije tsjerke mooglik. It wurk waard oannomen troch F.D. Gaastra út Britswert foar in bedrach fan fl. 14.237,04, dy't in tsjerke boude dêr't de doe krekt foltôge Koanjumer tsjerke model foar stie. Foar de bou fan de toer waard it hout fan de ôfbrutsen klokkestoel op it begraafplak foar de herberch oer op 'e nij brûkt.

Yn 1898 is it ynterieur lytser makke om't de feanôfgraverij nei de ein rûn en minsken it doarp wer ferlieten. Dêrnjonken foldie by it preekjen de akoestiek fan de romte net. Oant 1904 makke de gemeente gebrûk fan in foarsjonger. In oargel naam dy funksje yn dat jier oer.

Oan it begjin fan de 21e iuw folge in restauraasje fan tsjerke en toer.

OargelBewurkje

Yn de tsjerke stiet in oargel fan Johan Ferdinand Kruse út Ljouwert, in skoansoan fan Willem Hardorff. Yn de rin fan de tiid binne der gien wizigings west oan it oargel. Bakker & Timmenga hat yn 2001 it ienmanualige ynstrumint mei oanhongen pedaal restaurearre. By dy restauraasje is de elektryske wynfoarsjenning ferfongen.[1]

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: