Tsjerke fan Bedsted (Tønder)

De Tsjerke fan Bedsted (Deensk: Bedsted Kirke) is in tsjerke fan de Deenske Folkstsjerke yn it doarp Bedsted, dat yn de Deenske gemeente Tønder leit.

Tsjerke fan Bedsted

Bedsted kirke

Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
regio Súd-Denemark
gemeente Tønder
plak Bedsted
adres Kirkegade 12, 6240 Løgumkloster
koördinaten 55° 3'N 9° 3'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
Arsjitektuer
boustyl Romaanske arsjitektuer
Webside
Hiemside Bedsted Kirke
Kaart
Tsjerke fan Bedsted (Denemark)
Tsjerke fan Bedsted

De âldste dielen fan de tsjerke binne it romaanske koer en it romaanske eastlike diel fan it tsjerkeskip, dy’t ein 12e iuw boud waarden. Al rillegau waard de tsjerke te lyts en om 1300 hinne oan de westlike kant yn letromaanske styl langer makke. Ut de goatyske perioade stamme de toer en it portaal. In lêste útwreiding fûn plak mei de bou fan in renêssânse trephûs oan de noardlike kant fan de toer.

De tsjerke waard yn de rin fan de tiid regelmjittich renovearre. De jiertallen 1757, 1788 en 1929 oan de toer tsjûgje fan dizze restauraasjes. De lêste restauraasjes waarden yn de jierren 1941-1942 en 1980 útfierd.

In klok út Garyp

bewurkje seksje

Yn de toer fan de tsjerke fan Bedsted hinget in klok dy’t ea yn de Petrustsjerke fan Garyp hinge hat. De klok waard yn 1490 getten en is ien fan de âldste klokken fan Súd-Jutlân. Hoe’t de klok yn Bedsted telâne kaam is noch altiten in grut riedsel. Mei in hichte fan 112 sm en in diameter fan 110 sm is de klok ien fan de wichtichste skatten fan de tsjerke.

De klok draacht de namme fan Marije en hat in dûbel âld-Nederlânsk opskrift, ûnderbrutsen troch reliëfs fan hilligen. Oerset seit it opskrift: “yn it jier fan de Heare 1490, Marije hjit ik, de ynwenners fan Garyp lieten my jitte, hear Jettic is pryster yn Garyp en Rennert, Sibren en Jouta tsjerkfâlden, Herman geat my”.

 
Sydalter fan Marije

Troch de iuwen hinne bleau de tsjerke sparre foar skea troch kriich en brân. Mei de restauraasje fan 1941-1942 krige it ynterieur de oarspronklike kleuren sa folle mooglik werom.

Yn it midsiuwske alter waarden by de restauraasje yn 1941 holtes ûntdutsen, dêr’t nei alle gedachten yn de katolike tiid de reliken fan de patroanhilligen fan de tsjerke (Marije en Sint-Godehard) bewarre waarden. It alterstik is út likernôch 1525 en hat in sintrale houtsniene foarstelling fan de krúsiging. Yn de beide doarren fan it alter steane de bylden fan de tolve dissipels.

Yn it noardeastlike diel fan it tsjerkeskip stiet in sidealter mei in byld fan Marije mei it bern Jezus. It datearret út de lette jierren 1400.

De tsjerke hat trije grutte krusifiksen. Oan de noardlike muorre hinget in grutte krusifiks mei oan wjersiden de bylden fan Marije en Jehannes. In oar lyksoartich krúsbyld hinget tsjintwurdich boppe de koarbôge. Noch in krúsbyld út de iere jierren 1400 is te sjen boppe de tichtmitselde noardlike yngong en waard skonken troch Claus Michelsen út Øster Terp.

De renêssânsistyske preekstoel stamt fan 1660 en is fersierd mei reliëfs út it libben fan Kristus: de ferkundiging, de doop, de krúsiging, de ferrizenis en de himelfeart. It klankboerd is fan lettere datum en waard yn 1737 makke. By de nijbou fan it klankboerd waarden de fjouwer evangelisten en de ingelholtsjes fan it âlde klankboerd oernommen.

It doopfont is romaansk en fan granyt en nei alle gedachten like âld as de tsjerke sels.

It oargel út de jierren 1877-1878 waard yn 2000 ferfongen. It nije oargel hat 15 registers en is boud troch de oargelbouwer Marcussen & Søn út Aabenraa.

Op it noardlike diel fan it hôf waard de Deenske Gouden Iuw skilder Johan Thomas Lundbye (1818-1848) begroeven.

It monumint foar de 22 jonge manlju út de gemeente dy’t yn de Earste Wrâldkriich foelen stiet yn it súdwestlike diel fan it hôf.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: