Tsjerke fan De Haule
De Tsjerke fan de Haule wie ien fan de trije tsjerken fan de herfoarme PKN-gemeente fan Donkerbroek-De Haule. Yn 2023 waard bekend makke dat de tsjerke ôfstjitten waard.
Tsjerke fan De Haule | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Eaststellingwerf | |
plak | De Haule | |
adres | Doarpsstrjitte 76 | |
koördinaten | 53° 02' N 6° 18' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | Bûten gebrûk steld nije funksje ûndúdlik (2023) | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | H.J. Noorman | |
boujier | 1930 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Haule wie al yn de 14e iuw in selsstannige parochy. Hoe't de parochytsjerke derút sjoen hat is net bekend en likemin is de lokaasje fan dy earste tsjerke bekend. Nei de reformaasje gyng de oarspronklik katolike tsjerke yn protestantske hannen oer en foarme de gemeente ien tsjerklike gemeente mei Easterwâlde. Yn 1701 waard de gemeente ûnderbrocht by Donkerbroek en dêrmei foarmet it doarp noch jimmeroan ien tsjerklike gemeente.
Healwei de 19e iuw waard de âlde tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeiske gebou. De foargonger wie in ienfâldige sealtsjerke mei in klokkestoel, dêr't twa klokken yn hongen. De yn 1855 yn gebrûk nommen nijbou krige in geveltuorke, dêr't ien fan de twa klokken yn ophongen waard. Dy yn 1830 getten klok kaam yn de Twadde Wrâldkriich telâne op it Hamburger klokketsjerkhôf en kaam net werom. Yn 1950 waard in nije klok foar de tsjerke troch Van Bergen yn it Grinslânske Heiligerlee getten.
Restauraasje fan de tsjerke fûnen plak yn 1957-1958 en yn 1991-1992. By de restauraasje binne de âlde tsjerkebanken ferfongen troch stuollen.
Sûnt 2004 is de herfoarme gemeente fan De Haule-Donkerbroek oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân. De herfoarme gemeente Donkerbroek-Haule foarmet mei de folle gruttere grifformearde gemeente fan Donkerbroek sûnt 2012 in federaasje.[1] De tsjerke waard sûnt 2019 allinne noch brûkt foar spesjale tsjinsten.
Ferkeap
bewurkje seksjeOm't de jimmeroan lytsere PKN-gemeente gjin trije gebouwen mear ûnderhâlde koe, waard it beslút nommen om de tsjerke ôf te sjitten en yn 2022 tsjin it sin fan it doarp yn 'e ferkeap dien. Op 17 jannewaris 2023 waard bekend dat de tsjerke ferkocht is oan in troud pear út Weesp. Undúdlik is wat de nije funksje fan de tsjerke wurdt. Ynwenners lieten oer it nijs witte dat hja benaud binne dat in wenbestimming foar de byldbepalende tsjerke oanfrege wurdt. Pleatslik Belang sette grutte fraachtekens by de ferkeap om't om de tsjerke boppedat noch in brûkt tsjerkhôf leit.[2]
Oargel
bewurkje seksjeYn 1980 waard it âlde oargel brekfallich en waard in nij ynstrumint oankocht fan de grifformearde tsjerke fan Silvolde (Gelderlân). It troch de firma Koch út Apeldoarn boude oargel waard nei demontaazje troch frijwilligers op in nije oargelkreake opboud yn in oare opstelling. Dêrby krige it oarspronklik frontleaze oargel in nije houten kast.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|