Tsjerke fan De Lytse Jouwer
De Tsjerke fan 'e Lytse Jouwer is in yn 1869 boude tsjerke op De Lytse Jouwer. De tsjerke stiet op it restant fan in tsjerketerp.
Tsjerke fan De Lytse Jouwer | ||
De tsjerke yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Nijewier | |
adres | Tsjerkepaed | |
koördinaten | 53° 20' N 5° 58' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | Net mear yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1869 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38702 | |
Webside | ||
Side fan de tsjerke | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke fan 'e Lytse Jouwer waard yn 1869 boud as ferfanging fan in midsiuwske tsjerke fan dowestien op it steed, de tsjerketerp fan it doarp De Lytse Jouwer.
De tsjerke is sels net oanmerke as ryksmonumint, mar wol ûnderdielen dy't by de tsjerke hearre. Sa hat de tsjerke in tsjerkeklok, dy't getten is troch in anonime jitter yn de 15e iuw, mei it râneskrift Mater die momento mei [1]. Ek inkele 16e en 17e iuwske grêfsarken hawwe in monumintaal karakter. Dy grêfsarken lizze op it tsjerkhôf tsjin de súdlike muorre fan de tsjerke oan.
Tsjerkemienskip
bewurkje seksjeDe PKN Hantum e.o. hie fjouwer tsjerken: yn Hantum, Hantumhuzen en De Lytse Jouwer herfoarme tsjerken en yn Hantumerhoeke in grifformearde tsjerke. Dêrfan is allinne de Nikolaastsjerke fan Hantum oerbleaun. De tsjerke fan Hantumerhoeke is ferkocht en krige in oare funksje. Dy fan Hantumhuzen waard oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en de tsjerke fan 'e Lytse Jouwer waard ûnderbrocht by de Stifting Freonen fan de Tsjerke fan 'e Lytse Jouwer.
De tsjerke waard foar in skoft brûkt troch de russysk-otterdokse parochy fan de hillige Liudger. Mei it hommels ferstjerren fan de preester Johan Visser (1975–2021) kaam lykwols ek in ein oan de fieringen fan de Godlike liturgy op 'e Lytse Jouwer. Yn 2022 waard foar it lêst in Godlike liturgy fierd yn 'e tsjerke fan De Lytse Jouwer.[2]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard oarspronklik yn 1886 troch P. Flaes boud foar de herfoarme tsjerke fan Aarlanderveen. Yn 1908 ferhûze it oargel nei de tsjerke fan 'e Lytse Jouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|