Tsjerke fan Ginnum
De Tsjerke fan Ginnum is in eardere herfoarme tsjerke yn Ginnum.
Tsjerke fan Ginnum | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Ginnum | |
adres | harstawei 7 | |
koördinaten | 53° 19' N 5° 52' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | ûnbekend | |
status | net mear yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15615 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn de 12e iuw op in terp boud, dy't yn de 19e iuw grutdiels ôfgroeven is. It âldste diel fan de tsjerke is it diel yn de noardlike muorre, dy't noch fan dowestien is. Oan it ein fan de 13e iuw fûn in ferbouwing en fergrutting fan de tsjerke yn westlike rjochting plak. De tichtmitsele bôge oan de noardlike kant wiist op in eardere útbou dy't yn de katolike tiid as sakristy tsjinst dien hat. De toer is mooglik 15e-iuwsk.
Yn de jierren 1970 waard de tsjerke troch de Stifting Alde Fryske Tsjerken restaurearre. Doe is it hiele tsjerkemeubilêr der út sloopt en waard de romte ûnder de toer yn ferbining brocht mei de tsjerke.
Gebrûk
bewurkje seksjeLikernôch healwei de 20e iuw waard der foar it lêst in tsjinst yn de tsjerke fierd. Sûnt dy tiid tsjerket Ginnum yn Reitsum. Eigner is tsjintwurdich de Stifting Alde Fryske Tsjerken, dy't it gebou brûkt as atelier foar keunstners.
Ynterieur
bewurkje seksjeFan it âlde ynterieur is yn de tsjerke neat bewarre bleaun. De preekstoel, de Roordabank en de gewoane tsjerkebanken binne mei de restauraasje fan 1973 ferwidere. It doopfont fan foar de reformaasje stiet hjoeddedei yn it Frysk Museum. In oargel hat de tsjerke nea hân.
Yn it koer, dat yn de 14e iuw oanboud waard, binne noch in tal nissen en in piscina út de katolike tiid te sjen. Fan de fresko's yn de tsjerke bleau oan de noardlike kant fan it koer in fragmint fan in pear Maltezer krusen en in Turkske knoop oer, dy't gjin begjin en gjin ein hat en symboal stiet foar de ûneinigens fan God.
It oerwurk fan de tsjerke datearret fan 1564 en is it âldste Fryske oerwurk fan getten izer. Yn 2006 krige it oerwurk in elektrysk opwynsysteem, dat sa oanbrocht is dat it oerwurk wer yn oarspronklike steat werom brocht wurde kin. De twa klokken yn de toer binne yn 1344 en 1490 getten. De lytste mei in diameter fan 61 sintimeter is de âldste en waard neffens it opskrift Anno Dni MCCCXLIIII Stephanus Me Fecit Sb Domno Dodoni plebano Sippa foghet getten troch in Stefanus. De jitter fan de grutte klok út 1490 mei in diameter fan 72 sintimeter (Anno Dni MCCCCXC dno Dirico Eeckama Wibrando Roerda et uxore eius Auck et Hesselo Advocato) is net bekend.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Protestantske gemeente De Flieterpen PKN-gemeente Flieterpen]
Ofbylden
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|