Tsjerke fan Midwolde
De Tsjerke fan Midwolde yn 'e gemeente Westerkertier is ien fan 'e âldste bakstiennen tsjerken fan Grinslân. De tsjerke waard oarspronklik boud yn 'e 12e iuw. De tsjerke is yn it besit fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken en is sûnt 1973 in ryksmonumint.
Tsjerke fan Midwolde | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Midwolde | |
adres | Haadstrjitte 134 | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 23' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Liudger (?)[1] | |
Arsjitektuer | ||
boujier | ± 1200 | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 23982 | |
Webside | ||
Side tsjerke Midwolde | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe âldste dielen fan 'e tsjerke, it tsjerkeskip en it krekt wat smellere koer, datearje út it begjin fan 'e 13e iuw. Oan in tal finsters is it oarspronklik romaanske karakter fan 'e tsjerke noch goed te werkennen, mar de measten finsters binne letter gotisearre. It koer hat in rjochte sluting en ferfong yn likernôch 1400 in âldere koersluting.
It ûnderste diel fan 'e toer is 13e-iuwsk. Yn de 15e iuw waard de toer ferhege.
Om't de toer fan 'e tsjerke yn 'e foarige iuw gefaarlik út it lead hong, waard yn 1986 yn 'e fundearring in konstruksje fan wapene beton oanbrocht.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke is ferneamd fanwegen it grêfmonumint út 1664-1669. It monumint is makke yn opdracht fan 'e widdo Anna fan Ewsum troch Rombout Verhulst foar har man Carel Hieronymus von Innhausen und Kniphausen, bewenners fan Nienoard. Hja leit wat heger efter har earste man. It byld fan har twadde man Georg Wilhelm von Innhausen und Kniphausen waard makke troch Bartholomeus Eggers en ferhûze yn 1709 (of 1714) van Nienoard nei it grêfmonumint. Foar it grêfmonumint stiet in barokke nachtmielstafel.
Ek de mei wapens fersierde houten lôzje (1660) noardlik fan it grêfmonumint waard makke yn opdracht fan 'e bewenners fan Nienoard. Njonken de trep nei de lôzje is in siichportaal.
Fanút de lôzje seagen de bewenners fan Nienoard del op 'e preekstoel, dy't yn 1711 ek troch Anna fan Ewsum skonken waard. De kânsel is tige ryk fersierd mei deugden en symbolyk, dy't ferwize nei de fergonklikens fan it libben.
Yn it skip hingje 17e- en 18e-iuwske roubuorden, de grutste samling fan 'e provinsje Grinslân.
In brânskilderd raam betinkt it ûngemakt fan 1907, doe't Johan Æmilius Abraham van Panhuys en syn folk, de lêste aadlike bewenners fan Nienoard, ferdronken yn it Hoendjip.
Oargel
bewurkje seksjeDe bewenners fan Nienoard joegen opdracht om yn 'e jierren 1657-1660 in oargel yn 'e tsjerke te setten. It oargel waard troch Andreas de Mare boud. Dêrby brûkte de oargelbouwer materiaal fan in hûsoargel út Nienoard, dat Levinus Eekman yn 1630 boud hie. Tusken 1911-1913 feroare de firma Van Oeckelen it oargel, mar yn 'e jierren 1984-1986 waard it ynstrumint werom brocht yn 'e sitewaasje fan 1660. Twa registers binne fan De Marem, de rest is fan Eekman. De oargellûken binne beskildere mei kening David (lofts) en Mozes mei de Wet (rjochts).
De oargelgalerij is beskildere mei wapens en de tekst O Heer wanneer ick U hebbe soo vraghe ick niet nae Hemel ende Aerde. Wanneer my oock lyf en ziel versmachte, soo syt doch Godt altydt myns herten troost ende myn deel.
Yn 1989 foege adviseur Klaas Bolt in tremulant ta. Oargelfirma Van der Putten hat yn 2013 grut ûnderhâld útfierd, dy't in Nachtegaal tafoege.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|