Tsjerke fan Noardwyk
De Tsjerke fan Noardwyk oan 'e Westerwei yn Noardwyk (Grinslân) is in tsjerkegebou fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De eardere Herfoarme tsjerke wurdt benammen brûkt foar kulturele aktiviteiten, mar út en troch ek foar fespertsjinsten fan 'e protestanske gemeente Mearum-Noardwyk.[1]
Tsjerke fan Noardwyk | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Noardwyk | |
adres | Westerweg 2 | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 15' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | ûnbekend | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28293 | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe op in keunstmjittige ferheging steande tsjerke waard nei alle gedachten yn it begjin fan 'e 14e iuw fan kleastermoppen boud yn 'e styl fan 'e romanogotyk. Oan 'e noardlike kant fan it koer is noch in tichtsetten yngong foar de preester. Yn 1868 fûn in grutte renovaasje fan 'e tsjerke plak. Dêrby waard de noardlike muorre wer yn oarder makke en alle finsters oanpast. Ek waard de tsjerke bepleistere mei in patroan yn blokfoarm.
De wynwizer op de dakruter ferwiisd nei it wapen fan Carel Ferdinand von Inn- und Kniphausen, hear fan Nienoard, dy't patroan wie fan 'e tsjerke. De dakruter is yn 1710 boud en krige fan Von Inn- und Kniphausen in yn 1712 yn Amsterdam getten klok. It oerwurk stamt fan 1866 en is troch de Grinzer ynstrumintmakker H. Deutgen makke.
Yn 1999 waard de tsjerke oernommen troch de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Yn 2004 waard útein set mei in restauraasje. De earder wite tsjerke krige doe de oarspronklike okergiele kleur werom. Ek waard de ynrjochting werombrocht nei de 19e iuwske sitewaasje. Op 30 septimber 2005 koe de tsjerke wer offisjeel yn gebrûk nommen wurde.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn 'e ienskepige tsjerke stiet in preekstoel út 1600. De renêssânse preekstoel is fan ikehout makke mei ebben ynliswurk en stie eartiids yn 'e tsjerke fan Midwolde. Letter hat de kânsel yn 'e Like stien en fan dêrwei kaam de preekstoel nei Noardwyk. Oan it begjin fan 'e 20e iuw fûnen guon it doophek oerstallich. It ferdwûn út de tsjerke en kaam as hikke úteinliks yn 'e stâl fan in pleats by Drachten telâne. Nei de restauraasje krige ek it doophek wer in plak yn 'e tsjerke. Fierder binne in 17e iuwsk doopfont en in 18e iuwske kroanluchter it neamen wurdich.
Oargel
bewurkje seksjeDe Herfoarme gemeente koe yn 1871 troch feanferkeap foar 1.700 gûne in oargel bouwe litte troch Petrus van Oeckelen út Haren. Yn 2010 waard it strieminne oargel folslein demontearre en yn Soest troch de oargelboufirma Elbertse restaurearre.[2] Op snein, 22 april 2011 waard it ynstrumint wer op 'e nij yn gebrûk nommen.[3]
It oargel hat ien manuaal en oanhongen pedaal.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|