Tsjerke fan Pogum
De Tsjerke fan Pogum (Dútsk: Pogumer Kirche) is in luthersk tsjerkegebou yn Pogum, in doarpke yn it noardwêst fan it Reiderlân, dêr't de Iems yn 'e Dollard mûnet.
Tsjerke fan Pogum Pogumer Kirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Lier | |
plak | Pogum | |
adres | Kirchring | |
koördinaten | 53°19' N 7°15' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | tsjerke: 1776 toer fan eardere datum | |
boustyl | toer: gotyk | |
monumintale status | kultuermonumint | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e midsiuwen hearde Pogum by de proasdij fan Hatzum yn it bisdom Münster. It doarpke hie in lytse tsjerke en de proast fan Hatzum wie yn 'e 16e iuw tagelyk pastoar fan Ditzum en Pogum. Om't de patronaatsfamylje Fan Ripperda út Petkum oergyng op 'e lutherske lear, waard ek de tsjerklike gemeente luthersk, ek al hongen de measte leden fan 'e gemeente de grifformearde lear oan. De grifformearden wisten lykwols yn 1667 wol it rjocht om sels de predikant te kiezen ôf te twingen.
Ut de letgoatyske tiid datearret de sealtektoer mei spitsbôgeportalen. Oarspronklik wie de toer de iennige poarte ta de tsjerke en it tsjerkhôf, dat eartiids mei in fersterke muorre omklamme waard.
Yn it jier 1776 waard op 'e fûneminten fan 'e midsiuwske tsjerke in nije tsjerke boud. De muorreflakken fan 'e súdlike muorre wurde troch pilasters en grutte rûnbôgefinsters ferdield. Ek de eastlike muorre hat rûnbôgefinsters, wylst de oare muorren fierder gjin finsters hawwe.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in houten balkeplafond. It eastlike diel fan 'e tsjerke wurdt troch in doksaaleftige houten oargelkreake ôfsletten. Underdiel fan 'e kreake foarmet it oargel, dat op twa houten pylders rêst. Sydlik fan it oargel binne twa lôzje-eftige hearebanken.
Oars as wenst yn in lutherkse tsjerke stiet op it plak fan in stiennen alter yn it eastlike diel in houten nachtmielstafel. De preekstoel fan Hindrick Eben stamt út 1681 en hat noch yn 'e midsiuwske tsjerke stien. Tusken de draaide pylderkes binne yn 'e fjilden dêrtusken de reliëfs fan 'e fjouwer evangelisten oanbrocht. Ek de mei andréaskrusen en in rútpatroan fersierde sark fan Bremer sânstien út de 12e iuw stamt út de midsiuwse tsjerke.
De tsjerke besit noch in nachtmielsbeker út it jier 1634. De messing kroanluchter waard yn 1769 makke.
Oargel
bewurkje seksjeIt lytse ienmanualige oargel waard yn 'e jierren 1758-1759 troch Johann Adam Berner út Jever boud en letter nei de nijbou ferhûze. Westfaalsk binne it fykwurk oan it oargel en it rike tal piipfjilden, dy't om de grutte middeltoer groepearre binne. It oargel telt seis registers en gjin pedaal. Trije registers en de oargelkas binne orizjineel; de oare trije registers gyngen yn 'e rin fan 'e 20e iuw ferlern. Yn 1917 waarden yn it plak fan 'e pipen fan 'e oargelkas de trompetbekers ôfstien as grûnstof foar de wapenyndustry, sadat yn alle gefallen it oansjen fan it oargel oarspronklik bleau.
Yn 1999 waard de oarspronklike steat fan it oargel troch Martin ter Haseborg wer opmakke. De registers dy't earder ferlern gien wiene waarden mei de traktuer rekonstruearre en it oargel krige nij balgewurk. De disposysje fan it oargel is sûnt wer deselde as dy fan 1759.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|