Tsjerke fan Sânfurd

De tsjerke fan Sânfurd is in protestantsk tsjerkegebou yn Sânfurd. De tsjerke wurdt beheard troch de Stifting Sânfurd en is in ryksmonumint. De PKN-gemeente Aldegea e.o. makket út en troch gebrûk fan 'e tsjerke foar de fiering fan tsjinsten. De tsjerke wurdt ek in soad brûkt as troulokaasje.

Tsjerke fan Sânfurd
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Sânfurd
adres Nu. 2
koördinaten 52° 59' NB, 5° 31' EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Jehannes Baptist[1]
Arsjitektuer
boujier 1732
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39812
Webside
Stifting Sânfurd
PKN Aldegea e.o.
Kaart
Tsjerke fan Sânfurd (Fryslân)
Tsjerke fan Sânfurd

De skiednis fan 'e tsjerke giet werom op in 11e-iuwske kapel, dy't by it Starumer Odulfuskleaster hearde. Dat hat nei alle gedachten in ienfâldich houten gebouke west mei in reiten tek. De patroanhillige fan 'e kapel wie Jehannes de Doper. Yn 'e 12e iuw waard de kapel ferfongen troch in bakstiennen tsjerkje. It bewiis dêr foar waard levere troch de fynst fan resten fan fûneminten en stikken fan in sarkofaach fan reade sânstien, mooglik fan in geastlike út it Odulfuskleaster.[2]

De lokaasje by it wetter levere de tsjerke nochal ris ûngemak op. Yn 1543 moast al it besit fan de tsjerke ferkocht wurde om in wetterkearing fan houten peallen oan te lizzen, oars soe de tsjerke en it hûs fan 'e pastoar der ûnder strûpe.

Fanwegen brekfalligens moast de midsiuwske tsjerke yn 1732 ôfbrutsen en troch nijbou ferfongen wurde. Yn 'e moanne septimber fan itselde jier waard de nije tsjerke foltôge.

 
Van Dam-oargel

Fanwegen it grutte tal ûnderdûkers yn 'e omkriten waard de tsjerke yn de Twadde Wrâldkriich tige goed besocht. It tuorke moast yn 'e jierren 1970 nei bliksemynslach wer opboud wurde.

De Herfoarme tsjerke waard yn 1978 ûnderbrocht by de Stifting Sânfurd, dy't it doel hat de tsjerke foar it neiteam te behâlden.[3]

It houten tonferwulft datearret fan 1813. Foar yn 'e tsjerke leit de sânstiennen deksel fan de sarkofaach dy't by de restauraasje fûn waard. De preekstoel stamt út 'e 16e iuw. De firma Van Dam út Ljouwert boude yn 1857 in nij mechanysk sleepladen-oargel mei ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn 1957 revisearre de firma Reil út Heerde it oargel. Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 'e jierren 2005-2006 en op 27 maaie 2006 waard it oargel wer yn gebrûk nommen mei in konsert fan Jan Jongepier.[4]

Simmerdeis hâldt de PKN-gemeente Aldegea e.o. yn 'e tsjerke in tal earetsjinsten. De tsjerke wurdt troch de gemeente Súdwest-Fryslân as troulokaasje brûkt. Ek fine der routsjinsten plak.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Corpus Roemeling
  2. Keppelstok (SAFT), nû. 59, desimber 1999, H.T. Algra
  3. Side Sânfurd: skiednis
  4. Orgelsite, oproppen 26.08.2020