Tsjerke fan Sumar

De Tsjerke fan Sumar is in protestantske doarpstsjerke yn Sumar yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De tsjerke is in ryksmonumint.

Sumarder doarpstsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Sumar
adres Greate Buorren 14
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1769
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35680
offisjele webside
Side protestanske gemeente

Skiednis bewurkje seksje

 
Gevelstien

De tsjerke fan Sumar waard yn 1769 boud. Dêr tsjûget de gevelstien boppe de noardlike doar fan, dy't it wapen draacht fan de doedestiidske grytman Henricus Wiardus fan Altena fan Tytsjerksteradiel en de tekst Ons In en Uitgaan Zij O Heer, Voor Ons Tot Zeegen, U Tot Eer. De nijbou fûn plak op de fûneminten fan in âldere foargonger út it ein fan de 12e iuw/it begjin fan de 13e iuw. Neffens de tekener Jacobus Stellingwerf wie dit in typysk Fryske tsjerke mei in sealtektoer fan romaanske oarsprong mei letter ynbrochte goatyske ramen. Tidens de ôfbraak bestie de bou noch foar in grut part út tufstien.

Mei de fúzje fan de grifformearde en de herfoarme tsjerke ta de protestantske tsjerke moast de gemeente fan Sumar kieze tusken twa tsjerken. Foardiel foar de herfoarme tsjerke wie dat dy yn it doarp stiet, wylst de grifformearde Rehobothtsjerke bûten de doarpskom stie. Ek om't de herfoarme tsjerke in monumintaal gebou is foel de kar op de herfoarme tsjerke en waard de grifformearde tsjerke ferkocht.[1]

Beskriuwing bewurkje seksje

De tsjerke is in ienfâldich ienbeukich bouwurk mei in ynboude westlike toer. De iken kânsel datearret neffens de foarmen út 1750. It jier 1796 tsjut op in restauraasje. Opmerklik binne de sniene mearminnen oan wjerskanten de rêch fan de preekstoel. Fierder stiet der noch in 18e iuwske hearebank. It gebou wurdt ferljochte troch brânskildere ruten, dy't út 1770 stamme en ûntwurpen binne troch de Snitser glêsskilder Ype Staak. Yn 1795 waarden de ruten troch de patriotten fernield. Seis ruten binne yn de jierren 1930 restaurearre en foar in grut part rekonstruearre. Fan in sânde rút wie te min oarspronklik glês oerbleaun om in rekonstruksje meitsje te kinnen. De frouljusferiening 'Priscilla' hie it jild foar de restauraasje sammele en om dit te betinken waard op it sânde rút ûntliend oan de Bibelske persoan Prissilla.

Oargel bewurkje seksje

It oargel waard boud troch de Ljouwerter oargelmakker Bakker & Timmenga en op 7 maart 1907 yn gebrûk nommen. It ynstrumint waard yn 1982 restaurearre.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: