Tsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan Pskov

De Tsjerken fan de Arsjitekturale Skoalle fan Pskov waarden yn july 2019 tafoege oan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Yn 2002 waarden de monuminten fan it âlde Pskov foardroegen oan UNESCO. Dêrby waarden ek monuminten út de regio opnommen lykas Izborsk. Ek waard it kremlyn fan Pskov yn it ramt fan 'e 'Kremlyns fan Ruslân' oandroegen. De foardracht waard lykwols yn 2012 ôfwiisd.

Yn 2015 waard wurke oan in nije nominaasje ûnder de namme "Monuminten fan it âlde Pskov". It fersyk omfieme 18 lokaasjes, dy't benammen yn it histoaryske sintrum fan Pskov steane. Om't de dokumintaasje net folslein wie, moast yn 2018 in nije oanfraach yntsjinne wurde, dy't yn 2019 yn 'e 43e sitting fan it UNESCO Wrâlderfgoedkomitee yn Bakû goedkard waard. Fan 'e achttjin lokaasjes waarden der tsien monuminten goedkard foar it predikaat wrâlderfgoed.

Yn 'e takomst besiket de oblast Pskov it tal monuminten op 'e UNESCO-list te ferheegjen, mar dan sille der earst noch restauraasjes plakfine moatte, itjinge noch grutte ynvestearings easket.

De groep bestiet út tsjerken, katedralen, kleasters, tuorren en oare gebouwen yn 'e histoaryske stêd Pskov. Se fertsjintwurdigje de Pskov-Arsjitektuerskoalle mei skaaimerken lykas kubyske folumes, koepels, portiken en tuorren, wêrfan't dielen oant yn 'e 12e iuw werom geane. De gebouwen binne beynfloede troch de byzantynske en Novgorod-arsjitektuer. De foar Pskov en omkriten typyske arsjitektuer ûntwikkele him yn 'e 15e en 16e iuw ta in hichtepunt en droech fiif iuwen by oan de ûntwikkeling fan 'e Russyske arsjitektuer.[1]

Ofbyld Nû.[2] Namme Boutiid Oerflak (buffersône) Lokaasje
  1523-001 De Jehannes de Doperkatedraal fan it eardere Ivanovski-kleaster 12e of 13e iuw 0,73 ha
(387 ha)
57° 49' N 28° 19' E
  1523-002 Mirozjski-kleaster mei de Transfiguraasjetsjerke 12e iuw 14,4 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 19' E
  1523-003 Tsjerke fan 'e aartsingels Michael en Gabriel fan Gorodets 14e iuw 0,55 ha
(387 ha)
57° 49' N 28° 20' E
  1523-004 Tsjerke fan 'e Berte en Foarbea fan 'e Jongfaam Marije 15e-16e iuw 0,14 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 20' E
  1523-005 Kosmas en Damianustsjerke 15e-17e iuw 0,14 ha
(387 ha)
57° 49' N 28° 20' E
  1523-006 Sint-Joaristsjerke 15e iuw 0,22 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 19' E
  1523-007 Epifanytsjerke 15e iuw 0,24 ha
(387 ha)
57° 49' N 28° 20' E
  1523-008 Sint-Nikolaastsjerke 16e iuw 0,25 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 20' E
  1523-009 Sint-Basiliustsjerke op 'e bult 15e iuw 0,2 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 20' E
  1523-010 Snetogorski-kleaster mei de Bertetsjerke fan de Mem Gods 14e-16e iuw 2,45 ha
(248,6 ha)
57° 50' N 28° 15' E

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. (ned) Kerken van de Pskov Architectuurschool, side UNESCO, oproppen 5 febrewaris 2020
  2. (in) Churches of the Pskov School of Architecture, UNESCO, oproppen 5 febrewaris 2020