Tsjerketoer fan Westermar

De tsjerketoer fan Westermar is in tsjerketoer op begraafplak Westermar op De Jouwer yn de gemeente De Fryske Marren. De toer op it Algemiene begraafplak is in ryksmonumint.

Tsjerketoer fan Westermar
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Jouwer
adres Geert Knolwei 4
bysûnderheden
type bouwurk Toer
boujier 14e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18207

De tsjerke fan Westermar waard boud yn de fjirtjinde iuw. It tsjerkegebou waard, op de toer nei, yn 1695 sloopt. De tsjerketoer fan trije geledings waard ferlege en krige in tintedak.

De midsiuwske tsjerketoer is it âldste bouwurk fan De Jouwer. By de herfoarming is de tsjerke net opnij ynrjochte, mar waard preke yn de tsjerke op de Jouwer. Fan tekener Cornelis Pronk bestiet noch in skildering fan de toer út 1732. Dêrop is ek al te sjen dat de toer wat skean nei it noardwesten stiet. De eardere tagong fan de toer siet oan de westkant, letter kamen der doarren oan de eastkant, wêr't earder de tsjerke stie. Oan de eastkant fan de toer is noch te sjen wêr't de tsjerke oan de toer fêst sitten hat. Yn de toer binne materialen as dowestien, Bremer sânstien en roaswinkels brûkt út de 13e iuw, dat kin fan de earste bou wêze, mar ek wol fan lettere restauraasjes.

De útdrukking "de rike toer fan Westermar" ûntstie net troch it uterlik fan de toer. De tsjerklike opbringsten wiene hjir mei anneks. De jilden en besittings fan it eardere Earmbestjoer fan de Tsjerkfâdij Westermar binne ûnderbrocht yn de Stifting Westermar. Deze stifting subsidiearret sosjaal-kulturele doelen yn de gemeente Skarsterlân.

Om it tsjerkhôf waard yn de jierren sechtich de wyk Suderfjild oanlein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4