Matteüstsjerke (De Jouwer)
De Sint-Matteüstsjerke oan 'e Midstrjitte yn De Jouwer is de tsjerke fan 'e katolike "Hillige Kristoffelparochy". Under de parochy falle ek de roomske tsjerken fan Bakhuzen, Balk, Sint-Nyk, De Lemmer, Sleat en Wâldsein.[1]
Matteüstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | De Jouwer | |
adres | Midstrjitte 110 | |
koördinaten | 53° 57' N 5° 47' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Mattéus | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | G.J. Leeuwenberg | |
boujier | Tsjerke: 1953; toer 1868 | |
boustyl | Basilikastyl | |
Webside | ||
Side parochy | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik stie de Matteüstsjerke yn Westermar. Dy tsjerke út de 15e iuw waard mei de reformaasje oerdroegen oan 'e protestanten. Mei de bou fan in nije protestanske tsjerke in pear hûndert meter noardwestliker rekke de âlde tsjerke yn it neigean. Fan 'e tsjerke bleau neat oer, mar de toer stiet der noch jimmeroan.
Nei de reformaasje wie der foar it earst yn 1639 wer sprake fan roomsk libben op De Jouwer, doe't de Flaamske jezuyt Robert de la Planche him dêr nei wenjen sette. Ynearsten moasten de Jouster katoliken, dy't nei de reformaasje ien fan de grutste Fryske katolike konsintraasjes foarmen, yn saneamde staasjes nei de misse gean.[2]
Mei de bou fan de hjoeddeiske Matteüstsjerke waard yn 1952 begûn. De ynwijing fûn yn july 1953 plak. De toer is âlder en datearret noch fan de neoromaanske tsjerke fan de arsjitekt H.J. Wennekers, dy't yn 1867-1868 boud waard en doe in wettersteatstsjerke fan 1837 ferfong.[3]
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe krúsweistaasjes stamme noch út de wettersteatstsjerke. Haadalter en de brânskildere ramen datearje út de tiid fan de nijbou yn de jierren 1950.
Tsjin it ein fan de jierren 1930 joech pastoar Pruys de tsjerke trije nije klokken. De klokken waarden yn Ingelân getten en kamen krekt foar it útbrekken fan de kriich oan by de klokkejitterij yn Asten. Om it omranen fan de klokken troch de Dútsers tefoarren te kommen waarden se dêr ûnder de Dútske besetting by de tsjerke fan Asten ûnder de grûn ferstoppe. De klokken koene nei de befrijing fan ús lân wer opgroeven wurde en kamen lang om let yn 1946 yn de toer fan de Matteüstsjerke te hingjen.[4]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan de tsjerke waard yn 1912 troch Harrie Winkels op de galerij boud. Yn de rin fan de tiid fûnen der grutte feroarings oan it ynstrumint plak en yn de lêste jierren wie it net mear te bespyljen. It parochybestjoer seach dêrom út nei in nij oargel, dat fûn waard by de bruorren Vulpen. Yn 2011 krige it nije oargel in plak yn it koer fan de tsjerke. It hat 13 registers, ferdield oer haadwurk, boarstwurk en pedaal.[5]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|