Tusken Mar en Klif
Tusken Mar en Klif wie in wetterskip yn it súdwesten fan Fryslân fan 1967 oant 1996 mei in oerflakte fan sa'n 13.500 hektare. It hie syn sit yn Balk.
By de oprjochting lei it grûngebiet yn de gemeenten Gaasterlân, Sleat, Lemsterlân, Himmelumer Aldefurd en Wymbritseradiel en befieme rûchwei de fjouwerhoeke Starum - Warkum - Sint Nyk - De Lemmer.
Nei't Deputearre Steaten fan Fryslân dêrta yn 1965 besletten hie ûnstie Tusken Mar en Klif op 1 jannewaris 1967 út in fúzje fan acht wetterskippen: De Brandemeer, De Grens, De Grote Noordwolderpolder, De Kei, De Langesloot, De Luts, Wainserwar en Woudsend c.a.. Yn de rin fan de jierren waarden alle boezemwetterskippen en partikuliere polders yn it súdwesten fan Fryslân opheft en tafoege oan Tusken Mar en Klif. Dy fúzje wie ûnderdiel fan de earste wetterskipskonsintraasje yn Fryslân. Op 1 jannewaris 1997 gie it wetterskip by de twadde konsintraasje op yn Wetterskip Boarn en Klif, dat yn 2004 wer opgie yn it hjoeddeiske Wetterskip Fryslân.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|