Twee Gebroeders (Earnewâld)

(Trochferwiisd fan Twee Gebroeders (skûtsje))
Earnewâld
240px
Seilteken fan Twee Gebroeders
Seilteken
Eigener Stichting Earnewâldster Skûtsje
Plak Earnewâld
Werf Van der Werff, Drachten
Boujier 1930
Kleur brún
Lingte 19,44
Breedte 3,65
Holte 1,13
Djipgong 0,40
Skipper Gerhard Pietersma
Tonnaazje 44

De Twee Gebroeders is in skûtsje dat sûnt 2006 foar Earnewâld fart yn de SKS mei seilteken E. It skûtsje is yn 1930 boud foar K. Venema troch Van der Werff yn Bûtenstfallaat. It skûtsje wie doe 18,30 meter lang en 3,66 meter breed en waard brûkt foar de frachtfeart. Yn 1956 waard de nije eigner Van Wagenaar, dy't it oant 1990 hân hat.

Fan 1990 wie it skûtsje fan Johannes Taekema, dy't der oant en mei 1999 mei meidien hat oan de IFKS. Yn 1993 waard er mei it skûtske kampioen yn de B-klasse. Ek yn 1995 kamen skip en skipper yn it nijs, mar doe wie dat om't hja op de Tsjûkemar oer in kameraboatsje fan Omrop Fryslân hinnegongen. Doe't Taekema 47 jier âld ferstoar yn Wâldsein wie it syn skûtsje dat syn omskot fan syn hûs nei it doarp brocht. It skûtsje waard yn 1999 eigendom fan Kuipers Heiwerken, mei H. Kuipers as skipper.

Underwilens kocht Earnewâld in skûtsje fan Ulbe Zwaga, dêr't it yn 1956 en 1957 twa kampioenskippen mei helle. Yn 1963 waard in nij skûtsje oantúgd en yn 1966 nochris. Dy lêste wie de Poep fan Jan Sietema. Omdat dy net oan de ferwachtings foldie, kaam men yn 1978 op it wetter mei de Emanuel, dy't oant 2006 it Earnewâldster skûtsje bleau. Yn 2005 fette Stifting Earnewâldster Skûtsje it plan op om de Twee Gebroeders oer te nimmen.

Troch Rein van der Berg fan De Lemmer, waard it skûtsje dêrta ferlinge ta 19,50 meter, de grutste langte dy't de SKS tastiet. Foar de SKS moast ek de moter der út en moast der in oare roef op. Al dy oanpassings waarden foar de oerdracht dien, om't se tegearre dien waarden mei in oanpassing dy't yn de SKS net tastien is: de izeren dekken, dy't ornaris 5 mm dik binne, waarden om it gewicht ferfongen troch dekken fan 4 mm. Nei de oanpassings waard it skûtsje troch Stifting Earnewâldster Skûtsje, nei gedachten mei bybetelling, ruile tsjin syn doedetiidske SKS-skûtsje Emanuel.

Skipper op it skûtsje is foar Earnewâld Gerhard Pietersma.

Skûtsjes bewurkje seksje

  • 1956 - Nijverheid
  • 1963 - Nijverheid
  • 1967 - Jonge Jan
  • 1978 - Emanuel
  • 2006 - Twee Gebroeders

Skippers bewurkje seksje

  • 1956-1966 : Berend Mink
  • 1966-1970 : Hielke de Vries
  • 1971-1974 : Jacob Zwerver
  • 1975-1980 : Hidzer Lodewijks Meeter
  • 1981-1996 : Jeen Ulbes Zwaga
  • 1997-2003 : Pieter Sietses Brouwer
  • 2004- no  : Gerhard Pietersma

SKS kampioen bewurkje seksje

Oantal Skipper Kampioen yn
  2 Berend Mink 1956 - 1957
  2 Jeen Ulbes Zwaga 1982 - 1983

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: