Uitgeverij Atlas
Uitgeverij Atlas wie in algemiene literêre útjouwerij dy't fêstige wie yn Amsterdam en yn oktober 1991 oprjochte waard troch Emile Brugman en Ellen Schalker. Geandewei de 1990-er en 2000-er jierren ûntjoech dit bedriuw him ta ien fan 'e meast foaroansteande útjouwerijen fan Nederlân. Atlas publisearre likernôch hûndert nije titels yn 't jier op it mêd fan fiksje en non-fiksje, wêrby't it gie om sawol oarspronklik Nederlânsktalich as oerset wurk. De útjouwerij spesjalisearre him yn 't bysûnder op 'e publikaasje fan reisliteratuer, literêre non-fiksje, poëzij, strips en werútjeften fan literêre klassikers.
Uitgeverij Atlas | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
oprjochte | 1991 | |
opdoekt | 2012 | |
oprjochter | Emile Brugman, Ellen Schalker | |
opgien yn | Uitgeverij Atlas Contact | |
mem | NDC VBK | |
offisjele webside | ||
www.uitgeverijatlas.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e mande mei twa oare útjouwerijen foarme Atlas yn 't earstoan de literêre tûke fan 'e Veen Uitgeversgroep, dy't letter opgie yn earst de Veen, Bosch & Keuning Uitgeversgroep, en wer letter ûnderdiel waard fan NDC VBK. Binnen dy lêste organisaasje foarme Atlas yn 'e mande mei Augustus, Business Contact, L.J. Veen, Houtekiet en de pocketútjouwerij Pandora / Olympus / Eldorado de groep Amstel Uitgevers. Yn 2011 waard Emile Brugman as direkteur fan Atlas opfolge troch Erna Staal, dy't fan Uitgeverij Contact kaam. Yn 2012 fúzjearren Atlas en Contact ta de Uitgeverij Atlas Contact. Staal ferliet de nije útjouwerij yn 2014.
Skriuwers
bewurkje seksjeGuon auteurs fan wa't wurk by Atlas ferskynde, wiene Asis Aynan, Alain de Botton, Jeroen Brouwers, Kristien Hemmerechts, Mensje van Keulen, Geert Mak, Haruki Murakami, Cees Nooteboom, Frank Westerman en Erik Zevenhuizen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |