Eastrail 177 Trilogy

film út 2016 fan M. Night Shyamalan
(Trochferwiisd fan Unbreakable (filmsearje))

De Eastrail 177 Trilogy, ynformeel faak de Unbreakable-filmsearje neamd, is in Amerikaanske filmtrilogy fan superheldefilms en psychologyske skrillers. De trilogy bestiet út 'e films Unbreakable (2000), Split (2016) en Glass (2019). Alle trije films waarden regissearre, skreaun en mei-produsearre troch de Yndiaask-Amerikaanske filmmakker M. Night Shyamalan.

Eastrail 177 Trilogy
betinker M. Night Shyamalan
eigner The Walt Disney Company
Universal Pictures
lân Feriene Steaten
begjinjier 2000
einjier 2019
films
langspylfilms Unbreakable
Split
Glass
  De Wikipedy hat ek in side Unbreakable (film).

Yn Unbreakable oerlibbet David Dunn (Bruce Willis) as iennichste in treinramp. De lichaamlik beheinde stripekspêr Elijah Price (Samuel L. Jackson) oppenearret in bizarre ferklearring: Dunn soe in ûnbrekbere superheld wêze. Hoewol't der yn 't earstoan frijwat gatten yn dy teory sitte, rekket Dunn der úteinlik fan oertsjûge dat Price gelyk hat. Hy begjint him as superheld te hâlden en dragen. It docht lykwols bliken dat Price, dy't himsels as supersmjunt sjocht, hiel fier gien is om Dunn te finen.

Unbreakable waard regissearre troch M. Night Shyamalan nei in senario fan himsels. De film gie op 21 novimber 2000 yn premiêre, en brocht $248,1 miljoen op tsjin in budget fan $75 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Split (Amerikaanske film út 2016).

Yn Split pakt de schizofrene Kevin Wendell Crumb (James McAvoy) troch jierrenlange mishanneling troch syn mem om mei 23 alternative persoanlikheden. De psychoterapy dy't er ûntfangt fan syn psychiater Karen Fletcher (Betty Buckley) helpt net bot; krektoarsom: syn persoanlikheden wurde almar eigensinniger. Ien fan harren, Dennis, ûntfiert trije teenagefamkes om se te ferkrêftsjen, mar in oaren, Patricia, beskermet de famkes om se te 'offerjen' oan "It Bist", in fjouwerentweintichste persoanlikheid dy't himsels manifestearret as in groteske psychopaat en kannibaal.

Split waard regissearre troch M. Night Shyamalan nei in senario fan himsels. De film waard op 26 septimber 2016 foar it earst fertoand op Fantastic Fest en gie op 20 jannewaris 2017 yn premiêre. Split brocht $278,5 miljoen op tsjin in budget fan $9 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Glass (film út 2019).

Yn Glass ûntfiert Kevin Wendell Crumb (James McAvoy), dy't ûnderwilens fan 'e media de bynamme de Kliber krigen hat, fanwegen syn withoefolle persoanlikheden, op 'e nij in stikmannich jonge froulju. Diskear grypt David Dunn (Bruce Willis) yn, dy't no aktyf is as superheld ûnder de namme de Opsichter. Allebeide wurde se lykwols oppakt troch de plysje, en se bedarje yn itselde psychiatrysk sikehûs dêr't Elijah Price (Samuel L. Jackson), alias Mr. Glass, al njoggentjin jier fêstholden wurdt. Dêr komt it ta in nij gefjocht tusken de Kliber en de Opsichter, dat manipulearre wurdt troch Price. De wiere fijân blykt lykwols dokter Ellie Staple (Sarah Paulson) te wêzen, in aginte fan in klandestine organisaasje dy't har foardocht as psychiater, sadat se sawol superhelden as supersmjunten út 'e wei romje kin.

Glass waard regissearre troch M. Night Shyamalan nei in senario fan himsels. De film gie op 18 jannewaris 2018 yn premiêre, en brocht $247,0 miljoen op tsjin in budget fan $20 miljoen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.