Uny fan Ontariaanske Yndianen

De Uny fan Ontariaanske Yndianen (Ingelsk: Union of Ontario Indians), gauris ôfkoarte ta UOI, en ek wol de Anisjinabek Naasje (Anishinabek Nation) neamd, is in Yndiaanske politike organisaasje dy't 39 ûnderskate stammen yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario fertsjintwurdiget. De UOI is de âldste Yndiaanske organisaasje fan politike synjatuer yn Ontario. It haadkertier fan 'e UOI is fêstige yn North Bay.

Uny fan Ontariaanske Yndianen
Ingelsk Union of Ontario Indians
lânseigen Anishinabek
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Ontario
haadkertier North Bay (Ontario)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 60.000 (2005)
oprjochting 1949
status erkend
erkenning Kanada
offisjele webside
www.anishinabek.ca

De woartels fan 'e UOI geane werom op 'e Ried fan Trije Fjurren, en datearje sadwaande fan foàr it begjin fan 'e kolonisaasje fan it gebiet fan 'e Grutte Marren troch de blanken yn 'e sechstjinde iuw. De organisaasje waard lykwols yn 1949 formeel oprjochte om as politike fertsjintwurdiger en pleitbesoarger te tsjinjen foar de nau oaninoar besibbe Algonkwynske folken fan súdlik Ontario. De stammen dy't lid binne fan 'e UOI omfiemje in efterban fan etnyske Odjibwe, Ottawa, Algonkin en Delawêr.

Der binne 39 'earste naasjes' by de UOI oansletten. 'Earste naasje' (first nation) is in Kanadeeske oantsjutting foar in, ornaris bestjoerlik autonome, Yndianestamme. It lidmaatskip fan 'e UOI strekt him út fan 'e Gouden Mar yn it easten oant Sarnia yn it westen en fan 'e Amerikaanske grins yn it suden oant Thunder Bay en de Nipigon-mar yn it noarden. Mei-inoar hawwe de 39 lidstammen in befolking fan likernôch 60.000 minsken, wat delkomt op likernôch in trêdepart fan 'e totale Yndiaanske befolking fan Ontario.

Oan it haad fan 'e UOI stiet in liederskipsried, dy't opmakke is út in grutopperhaad, in pleatsferfangend grutopperhaad en riedsleden en âldsten dy't de fjouwer geografyske regio's fan 'e UOI fertsjintwurdigje: Súdeast, Súdwest, de Hueronmar en de Noardlike Boppemar. It haadkertier fan 'e organisaasje stiet yn it reservaat fan 'e Nipissing Earste Naasje, deunby North Bay, oan 'e igge fan 'e Nipissing-mar. Satellytkantoaren binne fêstige yn Thunder Bay en de reservaten fan 'e Curve Lake Earste Naasje, yn Curve Lake, en de Munsy-Delawêr Naasje, yn Muncey. De organisaasje hat sa'n 70 wurknimmers yn fêste tsjinst.

Foarsjennings en programma's

bewurkje seksje

Njonken syn funksje as politike fertsjintwurdiging fan 'e oansletten stammen leveret de UOI in ferskaat oan mienskiplike foarsjennings en programma's foar syn lidstammen, wêrûnder tsjinsten op it mêd fan 'e sûnenssoarch, ûnderwiis, húsfêsting en yntertribale koördinaasje. Fierders is der in eigen plysje, de Anisjinabek Plysjetsjinst, in eigen ûnderwiisynstelling, it Anisjinabek Underwiis Ynstitút, en in eigen online-krante, de Anishinabek News.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.