Ursulatsjerke (Wjelsryp)
De Ursulatsjerke is in tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente Wjelsryp-Baaium. De gemeente is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân. Al fjouwer iuwen lang foarmje Wjelsryp en Baaium ien tsjerklike gemeente.
Ursulatsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Wjelsryp | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 13e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21564 | |
offisjele webside | ||
Side PKN Wjelsryp-Baaium |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke datearret oarspronklik út de tiid om 1200 hinne en soe boud wêze nei't der op it plak in wûnder mei in hosty bard wie. Yn de roomske tiid wie de tsjerke wijd oan de hillige Ursula. Yn de 18e en 19e iuw is der sa'n soad ferboud oan de tsjerke, dat der fan de âlde midsiuwske tsjerke net soan bewarre bleaun is. Fan it âlde muorrewurk binne allinnich yn de noardwestlike hoeke noch kleastermoppen sichtber.
De toer waard yn 1836 ferfongen troch it houten dakruterke. Tagelyk ferdwûn it midsiuwske muorrewurk achter in nije ommitseling fan it tsjerkskip.
Ynrjochting
bewurkje seksje-
Ynterieur mei preekstoel
-
Ynterieur mei oargel
It hjoeddeiske tonferwulft stamt út de tiid nei't de tsjerke yn brân stutsen waard troch de Swarte Heap (1515). It meubilêr datearret benammen út de 18e iuw, doe't de hiele ynrjochting fan de tsjerke fernijd waard. De preekstoel mei it doophek, de banken en de tekstbuorden mei fykwurk fan Johannes Hardenberg datearje allegear út 1759. De kleuren fan it meubilêr binne yn 1996 oanbrocht. Yn itselde jier binne doe ek stuollen delset en nije kroanluchters ophongen.
Nei de sloop fan de toer waard de klok út 1545 yn de nije dakruter ophongen. De yn 1909 omgetten klok waard lykwols yn de Twadde Wrâldkriich foardere en omraand. De hjoeddeiske klok stamt út 1946 en waard troch Van Bergen (Midwolda) getten. It mechanyske oerwurk stamt út 1901 (A. de Looze, Ljouwert).
Yn de foartsjerke steane noch inkelde âlde sarken út de 16e en 17e iuw.
Oargel
bewurkje seksjeYn 1874 kocht de gemeente in oargel oan fan Guillon Robustelly, dat yn 1785 boud waard en foar de parochytsjerke fan Vreren (Belgje). It ynstrumint ferhûze yn 1955 nei de renovearre herfoarme tsjerke fan Minnertsgea.
It tsjintwurdige oargel fan de tsjerke is lytser. It waard yn 1955 boud troch de firma B. Pels & Soan út Alkmaar.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|