Us-Leaffrouwetsjerke (Laken)
De Us-Leaffrouwetsjerke (Nederlânsk: Onze-Lieve-Vrouwekerk; Frânsk: Église Notre-Dame) oan it Onze-Lieve-Vrouwvoorplein is in neogoatyske tsjerke yn it Brusselse stedsdiel Laken. It is de grutste neogoatyske tsjerke fan Belgje. De tsjerke stiet oan in lyts plein, tichteby it keninklike paleis fan Laken.
Us-Leaffrouwetsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Belgje | |
gemeente | Brussel | |
plak | Laken | |
adres | Onze-Lieve-Vrouwvoorplein, 1020 Brussel | |
koördinaten | 50° 52' N 4° 21' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Mechelen-Brussel | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Joseph Poelaert Friedrich von Schmidt | |
boujier | 1854 | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
upbxlcentre.be | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeAl om it jier 800 lieten twa susters ta oantinken fan harren ferstoarne bruorren op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke in lytse kapel bouwe, dy't oan de Jongfaam Marije wijd waard. De hillige Guido fan Anderlecht wurke in jiermannich yn dy kapel as koster. Sofie fan Brabân, de dochter fan Elisabeth fan Thüringen, joech in byld fan Marije oan 'e kapel, dat al gau in soad pylgers luts.
Yn 1275 waard de kapel ferfongen troch in tsjerke yn 'e styl fan 'e ier-brabânske gotyk. Neffens in leginde soe Marije sels de oriïntaasje en grutte fan 'e nije tsjerke bepaald ha. It ferhaal is dat de bou neat eine om't de muorren jimmeroan ynstoarten. De mitslers besochten de fernielers te trappearjen en bleaune nei it wurk weitsjen by it bouplak, mar nei it ûndergean fan 'e sinne seagen hja hoe't Marije mei Sint-Barbara en Sint-Katarina fan 'e himel delkaam en dêr mei in gouden tried de ôfmjittings fan 'e tsjerke oanjoegen. Ek feroaren Marije en de hillige jongfammen de oriïntaasje fan 'e tsjerke: ynstee fan 'e tradisjonele oriïntaasje nei it easten moast de tsjerke mei it koer nei it suden, rjochting Brussel, boud wurde.[1]
Louise fan Orléans, de earste keninginne fan Belgje, liet yn har testamint fêstlizze dat se yn 'e Us-Leaffrouwetsjerke begroeven wurde woe. Doe't hja yn 1850 ferstoar naam har man Leopold I it beslút om op it plak in nije tsjerke te bouwen, wêrfan't de krypte tenei it grêfplak fan 'e keninklike famylje wurde moast. De arsjitekt Joseph Poelaert, dy't op dat stuit it Paleis fan Justysje yn Brussel boude, levere in neogoatysk priiswinnend ûntwerp yn. Yn 1854 lei Leopold I de earste stien foar de nijbou en op 7 augustus 1872 waard de tsjerke plechtich ynwijd, ek al wie de tsjerke doe noch net foltôge. De bysetting fan 'e kening sels wie lykwols noch in hiel spul. It omskot fan Leopold I mocht fanwegen syn protestantske leauwe net troch de katolike tsjerke nei de krypte brocht wurde en dêrom waard der oan 'e efterkant fan 'e tsjerke grûn ofgroeven en in iepening makke yn 'e muorre fan 'e krypte.[2]
Under Leopold II waard de tsjerke lang om let ôfboud. De Dútske arsjitekt Friedrich von Schmidt soarge foar it ûntwerp fan it portaal en de 99 meter hege toer.
Betsjutting
bewurkje seksjeAlhoewol't de Us-Leaffrouwetsjerke fan Laken nea de rang fan in spesjaal monumint krige, hat de tsjerke foar besikers in hege symboalyske wearde om't it it lêste rêstplak fan in soad leden fan 'e Belgyske keninklike famylje is. Dêrnjonken leit ek de kardinaal en stifter fan 'e Katolike Arbeidersjongerein Jozef Cardijn dêr begroeven.
Op it tsjerkhôf efter de tsjerke lizze grêven fan in grut tal ferneamde Belgen. Op it tsjerkhôf is ek it koer fan 'e âlde tsjerke út 1275 te sjen.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeDe preekstoel krige op de Wrâldútstalling fan Parys yn 1878 de earste priis. Yn it rjochter sydskip hinget in 17e-iuwsk skilderij fan de Hillige Famylje fan Gaspar de Crayer. It sulveren krús fan it heechalter datearret út de 18e iuw. De ramen yn 'e alterromte stamme út de 19e iuw en stelle foarstellings út it libben fan Marije en Jezus foar. Yn it koer binne nochris fjouwer skilderijen fan De Crayer te sjen: in krúsdragende Kristus, Us-Leave Frou fan Laken, de hillige Guido as lânarbeider en de Flecht nei Egypte. It koeroargel is makke troch de bruorren Adrian en Pietter-Salomon van Bever en waard yn 1907 boud.
It mirakuleuze byld fan Marije is 13e-iuwsk.
Yn it rjochter sydskip foar it sydalter oer, dat oan it hillich hert fan Jezus wijd is, stiet it grêf fan Joseph Cardijns
Oargel
bewurkje seksjeIt romantyske oargel waard tusken 1872 en 1874 troch Pierre Schyven út Brussel boud. Fan 1902 oant 1916 wie Salomon van Bever ferantwurdlik foar de soarch fan it oargel. Yn 1906 waard it oargel yn it ramt fan 'e foltôging fan 'e toer tydlik ferwidere. Om't se perfoarst it grutte roasfinster frijhâlde woene, waard it moaie oargelfront nei de bouwurksumheden net wer opboud. Fierders krigen de grutste 32 pipen om it sicht op it roasfinster frij te hâlden plak yn 'e sydskippen. Mei in pear feroarings yn de disposysje waard it oargel mei in ferienfâldige front yn 1912 wer ynwijd. Utsein in ferfanging fan in register by in restauraasje yn 'e jierren 1975-1978 is der fierder net in soad oan it oargel feroare. It hat 52 registers op trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk en de registertraktueren elektrysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Liebfrauenkirche (Laeken)
|