Ut 'e Striid (skûtsje)
| |||||
Eigener | Stichting Donia | ||||
Plak | Langwar | ||||
Werf | Roorda, De Piip, Drachten | ||||
Boujier | 1912 | ||||
Kleur | brún | ||||
Lingte | 19,48 | ||||
Breedte | 3,44 | ||||
Holte | 1,15 | ||||
Djipgong | 0,38 | ||||
Skipper | Jaap Zwaga | ||||
Tonnaazje | 45 |
Ut 'e Striid is it skûtsje fan Langwar dat sylt yn de SKS. It 14,75 lange skip waard yn 1912 boud by de Piip yn Drachten fan skipsboumaster Bouke Roorda. Dizze hie it fak leard fan Eeltje Holtrop van der Zee, in ferneamd houtboumaster. It slagge Bouke Roorda om syn kennis fan rûningen yn hout om te setten yn it bouwen yn izer, dat wol sizze de moaie fage kont dy't ûnder wetter moai pykt weirûn. Yn de kop wist Roorda it nije materiaal sa te klopjen dat der moaie rûne boegen ûntstienen dy't net remmen yn it wetter.
Om 1940 waard de Ut 'e Striid al ferlinge nei 18 meter. Inkele jierren letter, nei de Twadde Wrâldoarloch, waarden skûtsjes geandewei minder brûkt as frachtskip. De Ut 'e Striid kaam foar de wâl te lizzen. Jierrenlang lei se om te kommen as wenskip yn Grou. Nimmen hie each foar de sierlike foarmen, oant Gerrit Roosjen der wat yn seach. It skûtsje waard oankocht en waard wer ûnder seil brocht mei as doel om der mei te silen by de SKS. Omdat der neffens it bestjoer te min romte wie foar mear skippen, rjochte Roosjen de IFKS op. Dy soe letter útgroeie nei in fleat fan 65 B-wedstriidskûtsjes.
Anno 1998 waard de Ut 'e Striid foar de lêste kear ûnder hannen nomd. Ferlinge ta de maksimale maat 20.20, in nije mêst, seilen en goede bemanning soarge der foar dat it skip yn 2000 en 2001 kampioen IFKS waard. Skoansoan Jacob Huisman sylde mei in K fan Kollum as seilteken oant 2009 mei it skip dat dêrnei ferkocht waard oan de kommisje fan Langwar dat it yn de SKS sile litte sil mei Ulbe Brandsma as roergonger.
Skûtsjes
bewurkje seksje- 1965-1966 : Friesland
- 1967-1996 : de Twee Gebroeders
- 1997-2000 : Swan fan Donia
- 2001-2002 : Jonge Jan
- 2003-2003 : Swan fan Donia
- 2004-2006? : Jonge Jan
- ?2007-2009: de Twee Gebroeders
- sûnt 2010 : Ut 'e Striid
Skippers
bewurkje seksje- 1965-1967 : Lodewijk Meeter
- 1968-1971 : Rienk Ulbes Zwaga
- 1972-1975 : Durk de Jong
- 1976-1977 : Pieter Engelsma
- 1978-1980 : Lammert Ulbes Zwaga
- 1981-1981 : Rienk Ulbes Zwaga
- 1982-1986 : Lammert Ulbes Zwaga
- 1987-1988 : Chris Brouwer
- 1989-1990 : Aldert Wiemers Hoekstra
- 1991-1999 : Tjitte Jans Brouwer
- 2000-2008 : Anne Tjerkstra
- 2009-2009 : Jeroen Pietersma
- 2010-2011 : Ulbe Brandsma
- sûnt 2012 : Jaap Zwaga
SKS kampioen
bewurkje seksjeOantal | Skipper | Kampioen yn |
---|---|---|
4 | Ulbe Rienks Zwaga | 1946 - 1948 - 1949 - 1950 |
1 | Rienk Ulbes Zwaga | 1969 |
1 | Lammert Ulbes Zwaga | 1980 |
Eardere skûtsjes fan 'Skûtsjes Doniawerstal'
bewurkje seksjeSûnt 1860 organisearre de 'Zeilvereniging Langweer' ek wedstriden foar fracht- en beurtskippen. Doe't yn 1945 de SKS oprjochte waard kaam der ek in Langwarder skûtsje De Lêste kampioenswedstriden waarden yn dy tiid yn Langwar hâlden. Oant 1953 organisearre de Langwarder sylferiening de wedstriden, dêrnei waard in wedstriidkommisje ynsteld. De stichting 'Skûtsjes Doniawerstal' waard yn 1965 ûnder de namme 'Stichting Donia' oprjochte. Yn 1967 helle de stichting it skûtsje 'Twee Gebroeders' werom nei Langwar. Omdat de stichting sûnt 1997 in twadde skûtsje hat, waard de stichtingsnamme feroare yn 'Skûtsjes Doniawerstal'.
- Twee Gebroeders
Dit skûtsje waard yn 1915 yn opdracht fan de âlde Rienk Zwaga boud by Wildschut op de Gaastmar. Dy syn soan Ulbe Zwaga hie in protte súkses mei 'Langwarder Griene' by it hurdsilen. Yn 1946, 1948, 1949 en 1950 waard er mei it skûtsje kampioen SKS. Zwaga waard skipper op de It Doarp Grou, en de Twee Gebroeders waard ferkoft.
Yn 1967 koft de Stifting Doanje de Twee Gebroeders en helle it skûtsje werom nei Langwar. Ulbes soan Rienk waard der yn 1969 kampioen mei. Syn oare soan Lammert die itselde yn 1980.
Yn 1997, mei Tjitte Brouwer as skipper, waard it skûtsje nei it seizoen ferfongen troch in nij skûtsje, de Swan fan Donia. De Twee Gebroeders bleau om de bân mei Langwar al besit fan de stifting, dy't fan namme feroare nei Stifting Skûtsjes Doanjewerstâl. Under skipper Tinus Eekhof waard is skûtsje ynset foar ploechjesilen.
Winter 2005/2006 waard de Twee Gebroeders ferlinge. Dêrmei is it 2006 op 'e nij it SKS-skûtsje fan Langwar wurden. Skipper is dan Anne Tjerkstra. Syn soan Ulbe Rienksz Zwaga helle mei dit skip in soad triomfen. Dy syn soan Rienk waard der yn 1969 kampioen mei. Syn broer Lammert brocht yn 1980 opnij it kampioenskip nei it haadplak fan Doanjewerstâl. Sûnt 1997 wurdt it skip brûkt foar 'ploechjesilen'.
- Jonge Jan
Fan seizoen 2001 ôf is de 'Jonge Jan' it wedstriidskip "De Swan" yn it SKS wedstriidwetter. De destiidske eigener Sietse Sietema wie mei dit skip yn de tweintiger en tritiger jierren fan de 20e iuw hast net by te hâlden. Omdat Sietse Sietema de bynamme de 'Poep' hie, waard it skip ek sa neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |